Yndustryterrein
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
In yndustryterrein, yndustrysône of yndustrypark, is in gebiet dat nei de romtlike oardering ynrjochte is foar grutte bedriuwen en de ûntjouwing fan swiere yndustry. Dit soarte terreinen binne meastal te finen oan grutte ferkearsieren, dat de oan- en útfier fan grûnstoffen en produkten makliker makket.
Foar lytse bedriuwen is sa'n terrein net sa gaadlik fanwegen de grutte fan de kavels, de ynfrastruktuer en de kosten dy't dêroan fêstsitte. Wat wol dien wurdt troch lytse ûndernimmings is it byelkoar kommen fan in ferskaat oan bedriuwen yn ien gebou op in yndustryterrein. Tsjintwurdich wurdt der faak in bedriuwsterrein foar datsoarte ûndernimmingen ynrjochte. Ek de wat gruttere doarpen hawwe hjoed de dei wol in (lyts) bedriuwsterrein.
Yn Fryslân binne yndustryterreinen te finen yn plakken as Ljouwert, It Hearrenfean en Drachten. Inkele grutte yndustryterreinen yn Fryslân binne:
In yndustrygebiet is in krite mei in ekstreem hege konsintraasje yndustry. It is meastal ek sterk ferstedsk, lykas it Ruhrgebiet.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.