From Wikipedia, the free encyclopedia
De Yazoo is in rivier yn de Amerikaanske steat Mississippy.
De Yazoo krige syn namme fan de Frânske ûntdekkingsreizger La Salle yn 1682 ("Rivière des Yazous"), in ferwizing nei de yndianestam Yazoo dy't by de mûning libben.
De rivier is 303 km lang en ûntstiet út de gearrin fan de rivier Tallahatchie en de Yalobusha yn Greenwood. De rivier rint foar in part parallel oan de Mississippy eardat er dêr yn útrint krekt foar Vicksburg.
De rivier wie fan grut belang yn de Amerikaanske Boargerkriich. De Konfederaten brûkten foar it earst in elektrysk ûntstutsen myn yn de rivier yn 1862 tichteby Vicksburg om it pânserskip USS Cairo (út 1861) fan de Uny sinke te litten. It lêste part fan de Cairo waard boppe helle op 12 desimber 1964. It skip is restaurearre en is no foar fêst te sjen yn it Vicksburg National Military Park. Op de boaiem fan de rivier lizze totaal 29 skippen út de Boargeroarloch.
Oare nammen foar de Yazoo binne Zasu River, Yazous River, Yahshoo River, Rivière des Yasoux en Fiume del Yasous.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.