Wjerljochtlieder
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
In wjerljochtlieder of -gelieder of in tongerlieder is in metalen stange of tried of in oar foarwerp fan metaal dat opsteld of fêstmakke is boppe-op in heech bouwurk, in skip of sels in beam, en dat yn ferbân stiet mei de ierde. De meast brûkte metaalsoarten foar it meitsjen fan sokke lieders binne koper en aluminium. De bedoeling dêrfan is dat it wjerljocht, de elektrisiteit oer it metaal fan 'e wjerljochtlieder nei de ierde ta laat wurde sil, sadat brân foarkomd wurde kin. Om't it om wjerljocht giet, en it systeem neat mei de tonger te krijen hat, is de term 'tongerlieder' eins in misliedende beneaming.
Dejinge dy't beskôge wurdt as útfiner fan 'e wjerljochtlieder, is de Amerikaanske steatsman en wittenskipper Benjamin Franklin, dy't op 15 juny 1752 ûnder in tongerbui in eksperimint útfierde mei in draakje en in wiet draakjetou. Yn Nederlân waard de earste wjerljochtlieder yn 1782 troch Cornelis Krayenhoff op 'e toer fan de Grutte of Martinitsjerke yn Doesburch set. Behalven op tuorren wurde wjerljochtlieders ek faak op pleatsen mei in reidtek oanbrocht, hoewol't de mienings ferskille oer de fraach oft it ferstannich is om sokke apparaten te brûken. Tsjinstanners fine dat wjerljochtlieders krekt wjerljocht oanlûke om't se fan metaal binne, en dat men dêrom mear gefaar rint as men in wjerljochtlieder oanbringt as at men dat net docht.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.