Remove ads

Winterswyk (Nederlânsk en offisjeel Winterswijk (Lûdsfragmint útspraak) (Nedersaksysk: Wenters of Wenterswiek) is in plak en gemeente yn it meast eastlike part fan de Achterhoeke yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. De kearn Winterwsyk is it haadplak fan de gemeente. De gemeente hat 29.229 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS).

Fluch de feiten
Winterswyk
Winterswyk
Thumb
Sicht op it Winterswyk
Emblemen
Thumb               Thumb
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
BoargemasterJoris Bengevoord (GrienLinks)
Sifers
Ynwennertal29.229 (1 jannewaris 2024)
Oerflak138,82 km²
Befolkingsticht.212 / km²
Oar
FerkearsierenN312 N318 N319 N820
Postkoade7100-7109, 7113, 7115, 7119
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten51° 58' NB, 6° 43' EL
Thumb
It âlde gemeentehûs fan Winterswyk
Thumb
Lizzing fan de gemeente Winterswyk
Offisjele webside
Webstee fan de gemeente
Kaart
Thumb
Winterswyk
Kaart
Thumb
Kaart fan de gemeente Winterswyk
Slute

Namme

Yn histoaryske dokuminten wurdt Winterswyk oantsjutten mei ûnder oare de folgjende nammen: Winethereswick, Winriswic, Winterswich, Wennerswiche, Winrichwich, Wynreswick, Wentersick, Wenterswick en Wenterwic. De namme Winterswyk komt fan it Germaanske Winidaharis Wika, wat dochterdelsettings fan Winidahari betsjutte.[1]

Geografy

De gemeente Winterswyk leit yn it easten fan Gelderlân yn de krite Achterhoeke en grinzget foar in grut part oan Dútsklân. De gemeente bestiet út de kearn Winterswyk en in grut bûtengebiet dy't troch njoggen buorskippen foarme wurdt. Mei de klok mei binne dat de folgjende buorskippen mei befolkingstal tusken heakjes: Miste (649) en Corle (263), Meddo (1.438), Huppel (408), Henxel (292), Ratum (379), Kotten (715), Brinkheurne (279), het Woold (882). Meddo hat as iennige fan de buorskippen in doarpskearn mei noch guon foarsjennings en in roomsk-katolike tsjerke, de Jehannes de Dopertsjerke.

De omkriten fan Winterswyk is ferneamd om syn kûlissegea en de stiengat mei fossile oerbliuwsel. Dêr binne guon beekbêden fan it Juera-tiidrek. Oan de ein fan it Tertiêr, likernôch 1 miljoen jier ferlyn, stie krapoan gâns Nederlân ûnder wetter. Tegearre mei Súd-Limburch bleau Winterswyk boppe wetter, dochs hat Winterswyk ea ûnder seenivo lein. Op 3 maaie 1922 waard by boarings om Winterswyk hinne stiensâlt fûn.

De omkriten fan Winterswyk waard yn 2005 troch de Nederlânske oerheid ta Nasjonaal Lânskip Winterswyk, in gea fan likernôch 22.000 bunder grut, útroppen.

Remove ads

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.

Remove ads