From Wikipedia, the free encyclopedia
Wintersport is een sammelnamme foar foarmen fan sport dy’t as wedstriidsport, rekreaasjesport as as fakânsjeferdivedaasje op it iis as yn de snie dien wurde.
De measte wintersporten binne ûntstien as alternatyf ferfier yn de wintermoannen as de diken en farwegen net mear begeanber wiene. Sa wurdt der al iuwen reedriden en prikslyde om iisflakten makliker oerstekke te kinnen. Nei ferin fan tiid waarden dizze alternative foarmen fan ferfier ek foar rekreative doeleinen brûkt. Sa waarden de earste koartebaanwedstriden voor reedriders al om 1800 hinne ferriden en waarden der ek wedstriden foar priksliders hâlden, faak sels letterlik foar spek en beannen.
It skyen ûntstie yn de Skandinavyske lannen. De skyûntwikkeling om 1860 hinne yn Telemark yn Noarwegen wurdt sjoen as de berte fan it skyen as sport. Fan dêr waard de sport yntrodusjearre yn de Alpenlannen. Skyen yn Skandinaavje waard ta noardsk-skye; yn de Alpen ûntstie it alpineskyen.
De toeristyske wintersport ûntstie foaral yn de Alpen om de rike bûtenlanners te fermeitsjen, Sankt Moritz yn Switserlân wurdt sjoen as bertegrûn fan de wintertoerisme ein 19e iuw. in hoteleigner wist een oantal Ingelske simmergasten te oertsjûgjen ek ris yn de winter te kommen. It wintersporttoerisme is al jierren fan grut belang foar de toeristyske sektor yn de alpenlannen en wurdt al lang net mear allinne dien troch de rike boargers.
Yn Fryslân kinne ek oan wintersporten dien wurde. Sa is der yn Fryslân hast yn elk plak wol in natoeriisbaan te finen. Ek hat Fryslân twa keunstiisbanen de 400-meter baan Thialf op It Hearrenfean en de 200-meter baan Iishal Ljouwert yn Ljouwert.
Wannear't der yn de wintermoannen in goeie froastperioade oanbrekt kin der ek op bûtenwetter riden en slydzge wurde. Dat kin op eigen gelegenheid, mar der kin dan ek meidien wurde oan organisearre toertochten. De ôfstannen fan sa'n toertocht kin fariearje fan 2 oant 200 km. De tochten liede somtiden troch gebieten dy’t oars net as min tagonklik binne.
In natoeriisbaan is in iisbaan mei natuerlik beferzen iis. Dit hâldt al yn dat er allinnich op riden as slydzge wurde kin as it iis sterk genôch is nei in pear dagen fan froast.
In keunstiisbaan is in iisbaan mei keunstmjittich oanmakke iis. Dizze iisbaan kin sawol yn de yn it waar lizze as oerdekt dan wol healoerdekt wêze. It grutte foardiel fan in keunstiisbaan is dat der gjin perioade fan froast nedich is om er op ride en slidzje te kinnen. Ek de iiskwaliteit kin better regulearre wurde.
In skypiste, of allinnich piste, is in markearre sône op ‘e flanken fan in berch dêr't skyd wurde kin. Meastentiids is de snie op sa’n piste bewurke dat der in ridlik feilige snielaach ûntstiet dêr't sûnder in soad risiko’s skyd wurde kin.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wintersport fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.