Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
William Forbes Skene (útspr.: ['wɪljəm fɔrbz ski:n], likernôch "wiljem fôrbz skiin"; Rubislaw, 7 juny 1809 – Edinburch, 29 augustus 1892) wie in tige foaroansteand Skotsk skiedkundige, âldheidskenner en publisist. Syn wichtichste fertsjinste wie dat er in begjin makke mei de demystifikaasje fan 'e iere Skotske skiednis, wêrby't dy fan iuwen fan legindefoarming en oare ûnûnderboude opskik ûntdien waard, sadat de feiten bleatlein waarden.
William Forbes Skene | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | William Forbes Skene | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 7 juny 1809 | |
berteplak | Rubislaw (Skotlân) | |
stoarn | 29 augustus 1892 | |
stjerplak | Edinburch (Skotlân) | |
etnisiteit | Skotsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | non-fiksje (skiednis), essay's | |
jierren aktyf | 1832 – 1892 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Skene waard yn 1809 yn in begoedige fermidden berne yn it doarp Rubislaw, deunby Aberdeen, as de soan fan James Skene (1775-1864), dat in goede freon wie fan 'e ferneamde skriuwer sir Walter Scott. Hy genoat syn oplieding oan 'e Akademy fan Edinburch, yn 'e Skotske haadstêd Edinburch, en oan 'e Universiteit fan St. Andrews, yn St. Andrews, wêrby't er him benammen talei op 'e stúdzje fan Keltyske taalkunde en literatuer. Yn 1832 waard Skene talitten ta de prestizjeuze Society of Writers to Her Majesty’s Signet, en koarte tiid letter krige er in offisjele oanstelling as griffier oan it Court of Session (it boargerlik heechgerjochtshôf fan Skotlân), in funksje dy't er behold oant 1865.
Skene syn iere belangstelling foar de skiednis fan 'e Skotske Heechlannen resultearre yn 1837 yn syn earste grutte skiedkundige wurk, mei as titel The Highlanders of Scotland, Their Origin, History and Antiquities ("De Heechlanners fan Skotlân, Harren Oarsprong, Skiednis en Aldheid"). Yn 1847, ûnder de Heechlânske Jirperhongersneed (1846-1857) waard Skene oansteld as siktaris fan 'e Sintrale Rie foar Help oan de Heechlannen (Central Board of Highland Relief). Yn dy hoedanichheid wurke er nau gear mei sir Charles Edward Trevelyan, de Britske ûnderminister fan Finânsjes.
Yn it moderne Skotlân wurdt de oantins oan Skene lykwols fral libben holden troch syn magnum opus Celtic Scotland: A History of Ancient Alban ("Keltysk Skotlân: In Skiednis fan it Alde Alba"). Dat wie in skiedkundich wurk oer de Skotske skiednis fan 'e Aldheid oant de Lette Midsiuwen, dat tusken 1876 en 1880 yn fiif dielen ferskynde. It wurdt noch altyd beskôge as miskien wol de wichtichste bydrage oan 'e Skotske skiedskriuwing yn 'e hiele njoggentjinde iuw. Yn 1879 ûntfong Skene in masterskip yn 'e rjochten fan 'e Universiteit fan Oxford, en yn 1881 waard er beneamd op 'e prestizjeuze post fan keninklik skiedskriuwer fan Skotlân. Skene wie fierders ek in aktyf en foaroansteand lid fan 'e Skotske Episkopaalske Tsjerke, de (lytse) de Skotske ôfdieling fan 'e Anglikaanske Tsjerke. Hy stoar yn Edinburch, yn 1892, yn 'e âlderdom fan 83 jier.
(ûnfolsleine opsomming)
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.