Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Willem Olivier (Snits, 13 jannewaris 1739 - dêre, 10 augustus 1826) wie in Nederlânsk politikus en boargemaster fan Snits.
Olivier waard berne as soan fan Louis Olivier en Antje Sijbes. Meidat hy lid fan it stedsbestjoer fan Snits wurden wie waard hy yn 1813 oansteld as maire. Fan 2 jannewaris 1814 oant april 1824 wie hy presidint-boargemaster fan dy stêd, hy waard opfolge troch Izaak Vlink. Hy dielde it boargemasterskip mei Vlink, Heronimus Beck en Berend Airing. Foar it departemint Fryslân wie hy op 29 en 30 maart 1814 oanwêzich by de Gearkomst fan Pommeranten. Op 19 septimber 1814 trede hy foar Snits op yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Hy wie hjiryn oant 1823 aktyf. Yn april 1824 waard hy boppedat wethâlder fan Snits, hy soe dit amt oant syn dea dwaan bliuwe.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.