Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Wilhelmus à Brakel (Ljouwert, 2 jannewaris 1635 - Rotterdam, 30 oktober 1711) wie in Frysk predikant yn de tradysje fan de Fierdere Reformaasje.
Hy wie in soan fan de Fryske predikant Theodorus à Brakel. Hy studearre teology oan de Universiteit fan Frjentsjer en dy fan Utert. Hy stie as dûmny yn Eksmoarre (1662), Starum (1665), Harns (1670), Ljouwert (1675) en úteinlik fan novimber 1683 ôf te Rotterdam.
Hy is bekend wurden troch syn boek Redelijke Godsdienst, een laagdrempelige dogmatiek, bedoeld foar de gewoane tsjerkelear. De dogmatyk yn it boek ûnderskiedet him fan oaren fanwegen de ûnderfining nei it persoanlike libben. Njonken it mear dogmatyske behannele Brakel ek saken as tankberens, it sjongen fan Psalmen en Kristlike nederigens.
Troch de tagonklikens hat it boek in protte ynfloed hân op it konservative Protestantisme. Ek hjoed-de-dei wurdt it noch hieltyd lêzen troch ûnder oaren minsken fan de Werstelde Herfoarme Tsjerke en de Grifformearde Gemeenten. Yn 2006 hat der noch in nije printinge west it boek.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.