frije kennisbank From Wikipedia, the free encyclopedia
Wikidata is in projekt fan de Wikimedia Foundation om in mei-inoar bewurke kennisdatabase te foarmjen wêrmei't de Wikipedy ûnderstipe wurde kin. It projekt waard úteinset troch Wikimedia Dútslân en beëaget in mienskiplike boarne fan beskate types data, bygelyks ynterwiky-keppelings en bertegegevens, dy brûkt wurde kinne yn artikels op 'e Wikipedy en oare plakken.[1] Wikidata is it earste nije projekt fan de Wikimedia Foundation sûnt 2006, doe't Wikiversity opset waard.[2]
De bou fan it projekt wurdt finansiere mei donaasjes fan it Allen Institute for Artificial Intelligence, de Gordon and Betty Moore Foundation en Google Inc. foar in bedrach fan yn totaal €1,3 miljoen.[3][4]
It webstee is in wiky en is troch elkenien oan te passen. Wikidata is meartalich opset. In diel fan de data sil beskikber wêze ûnder de Creative Commons-lisinsje CC0 en in oar diel ûnder Creative Commons Nammefermelding-LykDiele (CC BY-SA).
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.