From Wikipedia, the free encyclopedia
It Wezerberchlân is in berchgebiet yn Dútslân en leit yn de dielsteaten Nedersaksen, Noardryn-Westfalen en Hessen. It gebiet leit oan de rivier de Wezer (Weser), tusken de stêden Hannoversch Münden en Porta Westfalica.
De Große Blöße (528 m. boppe seenivo) is it heechste punt fan it Wezerberchlân en leit op 'e Solling. Der lizze twa natuerparken yn dit gebiet: yn it noarden fan it gebiet leit om de stêd Hamelen hinne it natuerpark dat ek de namme Weserbergland hat. Fuort súdlik dêrfan leit it natuerpark Solling-Vogler. De Weserradweg is in fytspaad oan 'e Wezer. It fytspaad begjint Hannoversch Münden en einiget by Bremerhaven oan 'e Noardsee.
It gloaiende heuvellân hat bytiden djippe dellingen. Hoewol't it gebiet oarspronklik al ryklik beboske wie, binne de measte bosken tsjintwurdich oanlein. It gebiet hat in ferskaat oan grûnsoarten lykas sânstien, laaistien en kalkstien. Op bepaalde plato's, lykas op 'e Solling, lizze noch stikken heechfean dy't noch net ôfgroeven binne. Dêrtroch is der in rike bistewrâld.
By Höxter leit de Abdij fan Corvey, in kleaster dat yn 'e 9e iuw fan grutte yntellektuele betsjutting west hat.
Guon mearkes fan de bruorren Grimm spylje yn it Wezerberchlân. Sa spilet it mearke fan de 'rottefanger' him ôf yn Hamelen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.