Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Westerklyf (offisjeel: Westerklief) is in buorskip yn de gemeente Hollâns Kroan yn de provinsje Noard-Hollân.
Westerklyf leit krekt east fan De Haukes en Hollebalg en west fan Easterklyf. Westerklyf en Easterklyf binne ien fan de âldste plakken fan Wieringen. Lange tiid hienen Westerklyf en Easterklyf sawat likefolle ynwenners. Yn 1840 hienen se beide 35 ynwenners. Mar dêrnei groeide Westerklyf troch en Eassterklyf net. Yn 1998 hie Westerklyf ûngefear 70 ynwenners en Easterklyf 45 ynwenners.
Yn 1996 waard hjir in Wytsingskat fûn, besteande út sulveren sieraden, munten en bieren.
De plaknamme komt út de tiid dat Wieringen in eilân waard. De troch seeweagen oanfretten liembulten waarden ta in soarte fan kliffen. Foar't it in eilân waard, wie it gebiet licht bewenne om't der genôch oare plakken wienen om op te wenjen. Mar nei't it in eilân wurden wie, wie it ien fan de heechste punten fan Wieringen. Dêrtroch kamen der stadichoan mear minsken wenjen, it wie benammen in taflechtsoarde as de see omraken te kear gie en der in grutte kâns op floedrampen wie.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.