From Wikipedia, the free encyclopedia
Wesley Calvin Dykstra (Súd-Dakota, 16 desimber 1922 – Cleveland (Ohio), 16 desimber 2008) wie in Amerikaansk predikant en heechlearaar filosofy fan etnysk Frysk komôf.
Wesley C. Dykstra | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Wesley C. Dykstra | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 16 desimber 1922 | |
berteplak | ? (Súd-Dakota) | |
stoarn | 16 desimber 2008 | |
stjerplak | Cleveland (Ohio) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | predikant, filosoof | |
aktyf as | heechlearaar | |
jierren aktyf | 1946 – 1987 |
Dykstra waard yn 1922 berne yn 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota, as de soan fan 'e yn Nederlânske ymmigrantefermiddens yn 'e Feriene Steaten bekende útjouwer, skriuwer en predikant Broer Doekeles Dykstra (1871-1955) en dy syn frou Nellie Schippers (1890-1975).
Nei't er yn 1946 ôfstudearre wie oan it Hope Kolleezje yn Holland, yn 'e steat Michigan, learde Dykstra fierder oan it Western Theological Seminary yn Holland, en oanslutend died er in doktorale stúdzje oan it Union Theological Seminary yn New York.
Hy wurke neitiid ferskate jierren as heechlearaar filosofy oan it Muskingum Kolleezje yn New Concord, yn Ohio, oant er yn 1958 yn dyselde posysje oansteld waard oan it Alma Kolleezje yn Alma (Michigan). Yn 1985 naam er ôfskie as heechlearaar, mar Dykstra bleau oan it Alma Kolleezje ferbûn oant syn pinsjoen, yn 1987. Neitiid bleau er yn Alma wenjen, mar hy kaam yn 2008 te ferstjerren yn Cleveland Clinic yn Cleveland, yn 'e âlderdom fan 86 jier. Hy hie gjin bern.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.