Remove ads

Ungaboer is in buorskip súdeast fan Mullum, en eastlik fan yndustryterrein de Eastpoarte yn de gemeente Harns.

De namme komt ek foar as Ungabuur(t), Ongebuer en Unga buir, neamd nei de famyljenamme Unia. Op dat plak wie yn 1402 in brêge op de grins mei Frjentsjerteradiel, dat wie de Vnghaburstara tilla.

De bewenning fan Ungaboer leit oan de Ungaboersterwei. De buorskip bestiet út in nustje huzen. It gebiet fan Ungaboer wie eartiids grutter, mei bewenning foar de Gratinga State oer, mar troch it ûntjaan fan de Rykswei 31 en oanpassings dêrfan oan de ein fan de 20e iuw, en it ûntjaan fan it yndustryterrein yn de iere 21e iuw is der in part fan de buorskip weirekke. Itjinge dat oerbleau leit oan de Ungaboersterwei.

Dêrom falt de bewenning sûnt dy tiid net mear ûnder Mullum, mar ûnder Harns. De bewenning oan de Rykswei falt noch hieltyd ûnder Mullum, dochs heart net by de buorskip.

Remove ads

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.

Remove ads