From Wikipedia, the free encyclopedia
Utrecht Science Park, oant 2018 en yn de folksmûle noch hieltyd bekend as De Uithof, is in ûnderwyk yn de Nederlânske stêd Utert en is part fan de wyk East. It is benammen in studintewyk dêr't de Universiteit fan Utert en in stikmannich oare kennisynstellings harren fêstigings hawwe. De Uithof is yn it uterste easten fan de stêd en leit justjes súdlik fan De Bilt, westlik fan Seist en noardlik fan Bunnik.
Utrecht Science Park De Uithof | ||
Lokaasje fan de ûnderwyk De Uithof yn de wyk East yn Utert | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Utert | |
Gemeente | Utert | |
Plak | Utert-East | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.100 (2017)[1] | |
Oerflak | 300 bunder | |
Oar | ||
Postkoade | 3584 | |
Koördinaten | 52° 4' 59" NB, 5° 9' 5" EL |
Yn de midsiuwen hie de tichteby lizzende Sint-Laurensabdij yn Oostbroek op it plak fan De Uithof grutte stikken lân yn besit. Nei it oanmeitsjen fan it woast lân kamen der úthôven en ikkerbou. De namme fan de wyk De Uithof betsjut "úthôf"/"foarwurk". Ien fan de âldste pleatsen fan de abdij lei op it plak fan de wyk. Oant yn de tweintichste iuw bleau it gebiet in agrarysk karakter hâlden.
Yn it midden fan de tweintichste iuw wie de Universiteit fan Utert fêstige yn in stikmannich pannen yn de binnenstêd fan Utert en wie der by in tal fakulteiten ferlet fan mear romte. It universiteitsbestjoer begûn yn 'e mande mei de gemeente nei moooglikheiden te ûndersykjen foar de nedige romte. Lykwols in soad plakken om de stêd hinne wiene orneare foar grutskalige wentebou. It each fan it bestjoer foel op it lanlike gebiet eastlik fan de stêd dy't op it grinsgebiet fan de gemeenten Utert, Seist, Bunnik, en De Bilt lei. Oant 1951 foel it gebiet lykwols ûnder it ferdigeningsgebiet fan de Nije Hollânske Wetterliny, mar nei't de Kringewet skrast waard, koe de universiteit bouwe. Yn 1958 waarden de bouplannen presintearre en yn 1962 waard mei de bou úteinset. De nije wyk waard nei de pleats 'De Uithof neamd. Yn it oarspronklike plan stie in strakke strjittepatroan fêst dêr't de strjiten fan noard nei súd en west nei east rûnen. De strjitten krigen de nammen fan ferneamde universiteitstêden. Yn 1967/68 ferhûze de universiteit de fakulteit Diergenêskunde fan it gebou oan de Biltstraat fan de âlde Ryksfeedoktersskoalle nei De Uithof. Ynearsten wie allinnich de fakulteit Diergenêskunde fêstige op De Uithof, dochs yn de rin fan de 1960-er jierren kammen der mear fakulteiten dêre. Yn 1975 waard it gebiet folslein ta de gemeente Utert taheakke. Yn 1987 fêstige de foarrinner fan de Hegeskoalle Utert dêre en yn 1989 ferhûze it Universitêr Medysk Sintrum Utert dêrhinne. Yn de 1990-er jierren waarden de earste studintewenten boud. letter kammen der njonken ûnderrjochtsynstellings ek ûndersyksynstellings lykas bygelyks Danone Nutricia Research en Genmap.
Yn 2011 waard it universiteitsgebiet op De Uithof omneamd ta Utrecht Science Park en yn novimber 2018 besleat de gemeenterie de gânse wyk sa te neamen. Utrecht Science Park/Bilthoven wurket gear mei de wyk.
Op 14 desimber 2019 iepene de line fan de flugge tram (Uithoflijn) fan it Stasjon Utert-Sintraal nei De Uithof.
Guon bekende gebouwen yn De Uithof. Guon waarde ûntwurpen troch de arsjitekt Rem Koolhaas.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.