From Wikipedia, the free encyclopedia
De Twadde Alvestêdetocht wie de twadde offisjele edysje fan 'e Alvestêdetocht op redens, dy't ferriden waard op 7 febrewaris 1912. Dizze reedriderstocht wie de earste dy't organisearre waard troch de Feriening De Fryske Alve Stêden. It wie ek de earste Alvestêdetocht wêrby't ûnderskie makke waard tusken wedstrydriders en toerriders. Winner wie Coen de Koning út Arnhim mei in tiid fan 11 oeren en 40 minuten.
Twadde Alvestêdetocht | ||
De rûte fan 'e Twadde Alvestêdetocht (tsjin 'e klok yn) | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
plak | Fryske alve stêden | |
datum | 7 febrewaris 1912 | |
evenemint | Alvestêdetocht | |
edysje | 2 | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | reedriderstocht | |
org. troch | Fer. De Fryske Alve Stêden | |
winner(s) | Coen de Koning | |
winnende tiid | 11:40 oeren | |
tal dielnimmers | 65 wedstrydriders 22 toerriders | |
offisjele webside | ||
www.elfstedentocht.nl |
De belangstelling dy't oproppen waard troch de Earste Alvestêdetocht, yn 1909, dy't organisearre wie troch it Frysk Iisbûn, late ta de oprjochting fan in feriening dy't spesjaal bedoeld wie om tenei de organisaasje fan Alvestêdetochten te beävensearjen. Sa waard op 15 jannewaris 1909 de Vereeniging De Friesche Elf Steden oprjochte, dy't yn 2009, by it hûndertjierrich bestean, it predikaat Keninklik krije soe. De Fryske kranteman Mindert Hepkema waard de earste foarsitter. Nei de oprjochting fan 'e feriening waarden der ôfspraken makke mei it Frysk Iisbûn en ek mei it Nederlânsk Bûn foar Lichaamlike Opfieding (NBLO) yn De Haach, dat de Earste Alvestêdetocht útskreaun hie, dat dy organisaasjes gjin eigen alvestêdetochten mear hâlde soene.
De ynskriuwing foar de Twadde Alvestêdetocht waard troch de Feriening De Fryske Alve Stêden al yn 'e simmer fan 1909 iepene. Men gie derfan út dat der yn 'e winter fan 1909 op 1910 wer in Alvestêdetocht mooglik wêze soe, mar dat bliek net sa te wêzen. De ynskriuwlist waard doe fuortsmiten en men begûn daliks oan in nijenien foar it dêropfolgjende jier. Lykwols brocht de winter fan 1910 op 1911 likemin genôch iisfoarming foar in tocht. Dêrnei besleat men te wachtsjen mei ynskriuwen fan dielnimmers oant it yn 'e winter fan 1911 op 1912 wier begûn te friezen.
Sadree't men dy winters yn begjin jannewaris noch mar justjes op it iis stean koe, skreau de Feriening De Fryske Alve Stêden de Twadde Alvestêdetocht út foar 20 jannewaris. Ut hiel Nederlân streamden de ynskriuwings binnen, mar op 19 jannewaris wie foar eltsenien wol dúdlik dat it iis net sterkernôch wie om 'e folgjende deis in Alvestêdetocht te riden. Der waard besletten en stel de tocht út oant 23 jannewaris, mar doe folge in rite fan teiwaar, sadat it dy deis ek net trochgean koe. Tsjin ein jannewaris begûn it wer te friezen en de datum fan 'e tocht waard doe fêststeld op 7 febrewaris.
Op 7 febrewaris 1912 wie it lykwols wer teiwaar mei in temperatuer fan 4 °C en in relatyf waarme foarjiersstrûzer. It reinde ek in pear oeren lang. Fan 'e 165 lju dy't har foar de wedstryd ynskriuwe litten hiene, kamen sadwaande mar 65 opdaagjen. Se sammelen har yn Hotel Weidema yn Ljouwert, dêr't de mienings ferdield wiene oer de fraach oft de tocht trochgean moast. Doe't der úteinlik stimd waard, wiene der 37 stimmen foar en 28 tsjin. Dat, om 6.20 oere giene de wedstrydriders fan start. Lykas by alle iere Alvestêdetochten it gefal wie, waard de rûte tsjin 'e klok yn riden, dus fan Ljouwert earst nei Dokkum.
It grutste probleem wie it wetter op it iis. Dêr wie safolle fan, dat men by fallen fuortendaliks sa wiet rekke dat men opjaan moast. Allinne al troch op it iis te stappen, krige men wiete fuotten. Neffens de berjochten giene de riders op guon plakken oan 'e knibbels ta troch it wetter. Al rillegau foarme him in kopgroep, besteande út Coen de Koning fan Arnhim, Jetze Keizer fan Teakesyl, Jan Ysbrandi fan Ljouwert en Haye Ypma fan Arum. Op 'e Dokkumer Ie sakken Ysbrandi en Ypma út 'e kopgroep wei. By Frjentsjer sleaten Jan Ferwerda fan Ljouwert en Sjoerd Swierstra fan Offenwier in ferbûn om tegearre te besykjen De Koning en Keizer by te heljen. Yn Warkum troffen se dy beide mannen yn in kafee oan, dêr't se eefkes oanstutsen wiene. Fjouweresom giene se fierder, oant Keizer him tebekfalle litte moast doe't er in mankemint oan syn redens oprûn.
Op 'e Sleattemer Mar ried De Coning út 'e oerbleaune kopgroep fan trije man fuort. Swierstra moast efterbliuwe, mar Ferwerda sette de efterfolging yn en wist De Coning by Snits wer by te heljen. Doe't Ferwerda dêrnei lykwols kaam te fallen, wie de striid foarby en hold er op mei de efterfolging. Elts mei har eigen tempo rieden de mannen de tocht út. De Coning kaam as earste oan yn Ljouwert, mei in tiid fan 11 oeren en 40 minuten. Ferwerda folge in kertier letter en Swierstra kaam noch wer sechstjin minuten letter oan.
Ferwerda bewearde letter dat De Coning, dy't him it paad oer de Fryske marren wize litten hie troch in Jelle Klinkhamer, in skipper dy't er by de Galamadammen trof, him troch dyselde in skoft meilûke litten hie. Dêrmei soed er de regels oertrêde en net op in earlike manear wûn hawwe. De Coning ûntstried dat by heech en by leech en wie djip misledige. Doe't er dy jûns yn Stedsskouboarch De Harmony syn gouden medalje ûntfange soe, wegere er dy om't er gjin besmodzge priis hawwe woe. Hy easke dat der earst in formeel ûndersyk ynsteld wurde soe nei de beskuldigings fan Ferwerda. Dat waard dien, en pas doe't der gjin bewizen foar de bewearings fan Ferwerda fûn wurde koene, woe De Coning syn medalje yn ûntfangst nimme.[1]
Mindert Hepkema, de foarsitter fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden, ried sels ek mei en waard njoggende. In G. Dubois fan Ljouwert wie ûnderweis twaris troch it iis sakke mar ried de tocht nettsjinsteande dat út en waard njoggentjinde, op 2 oeren en 51 minuten efter De Coning. E. IJst fan Ljouwert en de bekende skermer Jetze Doorman fan Utert sakken mei in pleatslike gids by Balk troch it iis en moasten trochweakke en ferklomme opjaan. Yn totaal wisten 20 fan 'e 65 dielnimmers oan 'e wedstryd de einstreek te heljen.
posysje | dielnimmer | wenplak | tiid |
---|---|---|---|
1 | Coen de Koning | Arnhim | 11:40 |
2 | Jan Ferwerda | Ljouwert | 11:55 |
3 | Sjoerd Swierstra | Offenwier | 12:11 |
4 | Jetze Keizer | Teakesyl | 12:11 |
5 | Jan Ysbrandi | Ljouwert | 12:30 |
6 | Haye Ypma | Arum | 12:31 |
7 | Sytze Bouma | Alkmar | 12:45 |
8 | Sipke Rijpma | Jirnsum | 13:02 |
9 | Mindert Hepkema | Ljouwert | 13:02 |
10 | T. Geertsema | Grins | 13:16 |
Oan 'e Twadde Alvestêdetocht diene ek 22 toerriders mei. Dy giene fiif minuten nei de wedstrydriders yn Ljouwert fan start, om 6.25 oere moarns. Sy ûnderfûnen deselde swierrichheden as de wedstrydriders. Fan harren kamen mar fjouwer oer de einstreek. In Th. Adriani Hoen út Grins wie de fluchste, mei in tiid fan 13 oeren en 27 minuten. Dêrmei ried er de lêste fiif wedstrydriders dy't de tocht útrieden, foarby en kaam er as fyftjinde fan alle dielnimmers oer de einstreek.
Omreden fan it hurd minder wurdende iis en it ynfallende tsjuster ferbea it bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden oan it begjin fan 'e jûn toerriders dy't doe noch yn Snits oankamen om fierder te riden nei Ljouwert. Under de lju dy't op dy wize ûnder twang opjaan moasten, wiene Pim Mulier, de inisjatyfnimmer ta de Earste Alvestêdetocht, en de iennichste frou yn it selskip, Jikke Gaastra. Hoewol't dyselden it lêste stik nei Ljouwert yn 'e trein ôfleine, krigen se lykwols it (troch Mulier sels ûntwurpen) Alvestêdekrúske. As earste frou dy't oan it evenemint meidie, waard Gaastra troch it bestjoer ek ûnderskaat mei in goudene brosj.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.