In tsjerkefâd of tsjerkfâd wie foar de Reformaasje in lekebehearder fan it tsjerkegoed (sjoch: tsjerke-atte), tegearre mei de pastoar. Tsjerkefâden waarden meast keazen troch de parochianen, yn de stêden soms troch it stedsbestjoer; yn gefal fan ynkorporaasje wie de abt sels wolris tsjerkefâd. Tsjerkefâden moasten rekkenskip ôflizze oan de patroan en oan de deken (yn dekensitten oan de aartsdiaken). Foar ferfrjemding fan goed wie nei 1542 ferlof nedich fan it Hof. Yn de grifformearde tsjerke ûnder de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen wiene de aadlike en eigenerfde grûnbesitters tsjerkefâd. Troch it tsjerklik stimrjocht hienen se faak grutte macht en makken dêr bytiden misbrûk fan.

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.