From Wikipedia, the free encyclopedia
Tsjeppe Earn (Kriesk: Déahǐtsǐśh; Ingelske oersetting: Pretty Eagle; by Crow Agency (Montana), 1846 – yn it Krieë Yndianereservaat (Montana), 11 novimber 1903) wie in opperhaad fan 'e Krieën (Crow), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy tsjinne syn folk as kriger, oarlochslieder, politikus en diplomaat. Hoewol't er in bûnsgenoat fan 'e Amerikanen wie, skrille er der net foar tebek om dyselden it mannewaar op te sizzen as se maatregels trochfiere woene dêr't de Krieën mei beneidiele waarden. Tsjeppe Earn wie ien fan 'e lêste grutte oarlochsopperhaden fan syn folk.
Tsjeppe Earn | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Déahǐtsǐśh | |
oare namme | Pretty Eagle | |
nasjonaliteit | Kriesk | |
berne | 1846 | |
berteplak | by Crow Agency (Montana) | |
stoarn | 11 novimber 1903 | |
stjerplak | yn it Krieë Reservaat (Montana) | |
etnisiteit | Kriesk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | opperhaad fan 'e Krieën | |
jierren aktyf | ±1866 – 1903 |
Tsjeppe Earn waard yn 1846 berne yn wat no de Amerikaanske steat Montana is, deunby it hjoeddeistige Crow Agency. Hy hearde ta Berch-Krieën, ien fan 'e trije tradisjonele stammen fan 'e Krieën (Crow), en dêrbinnen ta de Pigan-clan (Ackyā’mne), wêrfan't de namme ôflaat wie fan 'e Pigan-stamme fan 'e Swartfuotten, dat tradisjonele fijannen fan 'e Krieën wiene. Tsjin 'e tiid dat de earste blanke kolonisten har yn Montana nei wenjen setten, wie Tsjeppe Earn al in opperhaad en in lid fan it krigersgenoatskip fan 'e Foksen (I’axuxke). As kriger wie Tsjeppe Earn ferneamd om syn withoefolle moedige dieden yn konfrontaasjes mei fijannen fan 'e Krieën, lykas de Lakota en de Pâny (Pawnee). Hy hie yn syn libben nei't it skynt 19 froulju, wêrfan't de measten wierskynlik mar yn tydlike houliken mei him ferbûn wiene.
Lykas in protte Krieske krigers bea Tsjeppe Earn ûnder de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 syn tsjinsten as ferkenner oan it Amerikaanske Leger oan, mei't de Amerikanen de fijannen fan 'e fijannen fan 'e Krieën wiene. Hy wie it mei Mannich Kûp, in oar Kriesk opperhaad, iens dat de takomst fan harren folk it bêste feilichsteld wurde koe troch mei de blanken gear te wurkjen, ynstee fan har tsjin 'e kolonisaasje fan it Westen te fersetten, sa't bgl. de Lakota en de Sjajinnen diene. Dêrby spile ek in rol dat de Krieën frijwol besingele wiene troch harren fijannen, mei de Lakota en Noardlike Sjajinnen yn it easten, de Noardlike Arapaho yn it suden en de Swartfuotten yn it noarden. Sadwaande hiene se driuwend ferlet fan bûnsgenoaten.
Yn 'e twadde helte fan 'e 1870-er en yn 'e 1880-er jierren wie Tsjeppe Earn ferskate kearen lid fan Krieske delegaasjes dy't alhiel nei it fiere Washington, D.C. reizgen om harren folk foar it Amerikaanske regear oer te fertsjintwurdigjen. Sa hearde er yn 1880 ta in delegaasje ûnder lieding fan Mannich Kûp, dy't it presidint Rutherford B. Hayes ûntprate om it Krieë Yndianereservaat op te heffen, sa't guon leden fan it Amerikaanske Kongres woene, en dy't teffens wist tsjin te kearen dat der spoarwegen troch it reservaat hinne oanlein wurde soene. Oan 'e oare kant wie Tsjeppe Earn in foarstanner fan it weidzjen fan fee troch blanke boeren yn it reservaat, en fan it meanen fan hea op Krie-lân om oan sokken te ferkeapjen, om 'e simpele reden dat syn folk itende bliuwe moast nei't de blanken de bizons fierhinne útrûge hiene.
Tsjeppe Earn kaam op 11 novimber 1903 te ferstjerren yn it Krieë Yndianereservaat fan súdlik Montana, yn 'e âlderdom fan 57 jier. Syn stoflik omskot waard op 'e bûkberje fan in wein pleatst ynstee fan op in stellaazje, sa't by de Krieën wizânsje wie. Nei't syn lichem letter oan 'e rivier de Bighorn begroeven wie, waard it koarte tiid letter wer opdold troch in dokter W.A. Russell, dy't de liken fan sechtsich Krie-Yndianen stiel en ferkocht oan ferskate Amerikaanske museä foar soms mar $500 it stik. Uteinlik waard it stoflik omskot fan Tsjeppe Earn troch it krewearjen fan Hugh White Clay en de Kulturele Kommisje fan 'e Krieë Stamme 72 jier neitiid weromjûn oan 'e Krieën, en op 4 juny 1994 werbegroeven op in plak dat nei him Pretty Eagle Point neamd wie, dêr't wei útsjoen wurde kin oer de Delling fan 'e Bighorn. Dy datum is neitiid in soarte fan feestdei foar de Krieën wurden.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.