Tsjeintgum

From Wikipedia, the free encyclopedia

Tsjeintgum is in buorskip yn de gemeente Ljouwert. Tsjeintgum leit westlik fan Mantgum, oan de westkant fan it spoar fan Ljouwert nei Starum.

De namme komt ek foar as Tjeintgum, Szentinge, Shenthge, Ztientim, Ztentenghem en Szyntinge. Mooglik hâldt de namme ferbân mei 'ingi', in splyt of slinke.

Byldetún

In part fan de bylden fan keunstner Hein Mader, dy't yn Eastenryk berne waard, stiet yn in byldetún dy't yn de buorskip leit.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.