From Wikipedia, the free encyclopedia
Trijntje Pieters Westra, of Trijntje Pieters fan Poppenwier (Gau, 7 desimber 1783 – Poppenwier (Raerderhim), 3 septimber 1861) wûn de ierst bekende reedrydwedstriid foar froulju.
Trijntje Pieters Westra | ||
Reedrider | ||
Hurdriderij foar froulju yn Ljouwert, 1805. Sjoch ek: byhearrend tekstblêd Jacob Ernst Marcus, nei Aldert Jacobs van der Poort | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 7 desimber 1783 | |
berteplak | Gau | |
stjerdatum | 3 septimber 1861 | |
stjerplak | Poppenwier |
Op 1 en 2 febrewaris 1805 waard op 'e stedsgrêft fan Ljouwert de alderearste hurdriderij foar froulju holden. Westra waard earste yn de wedstriid dy't as ôffalrace fan hieltyd twa dames oer 140 meter riden waard. Der wienen 130 rydsters ynskreaun. Mear as 10.000 taskôgers wennen de twadeiske wedstriid by. Westra wûn in gouden earizer foar de wearde fan 105 gûne.[1]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.