From Wikipedia, the free encyclopedia
Tomas Lieske, pseudonym fan Antonius Theodorus (Ton) van Drunen, (De Haach, 8 juny 1943) is in Nederlânsk skriuwer en dichter.
Tomas Lieske | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Antonius Theodorus van Drunen | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 8 juny 1943 | |
berteplak | De Haach | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | poëzy, proaza | |
jierren aktyf | 1981-no | |
offisjele webside | ||
Profyl yn de DBNL |
Hy studearre Nederlânske taal- en letterkunde en teäterwittenskippen oan de Universiteit Leien en wie in pear jier dosint oan it Haachsk Montessori Lyseum.
Lieske wie al 38 doe't syn gedichten foar it earst yn de literêre tydskriften Tirade en De Revisor ferskynden. Yn dy perioade werd er ek frege om foar Tirade in poëzykronyk te skriuwen. Dy essays kamen te lâne yn de bondel Een hoofd in de toendra. Lieske hie doe al twa toen al dichtbondels op syn namme brocht.
Mei syn proazadebút Oorlogstuinen (1992) fertsjinne er de Geertjan Lubberhuizenpriis. Syn dêrnei folgjende roman Nachtkwartier waard nominearre foar de Libris Literatuer Priis 1996, mar it wie de roman Franklin dêr't Lieske yn 2001 de Libris Literatuer Priis en de Inktaap mei wûn. De roman Dünya waard yn 2008 nominearre foar de AKO Literatuerpriis, mar dy gie lykwols nei Doeschka Meijsing. Lieskes wurk is yn ferskate talen oerset, ûnder mear yn het Turksk.
De bondel Hoe je geliefde te herkennen waard yn 2007 bekroand mei de VSB-poëzypriis foar de bêste bondel fan it jier.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.