Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Thijs Feenstra (Frjentsjer, 17 augustus 1766 — Ljouwert, 23 novimber 1840) wie in Fryske politikus en keapman, fan remonstrants komôf.
Feenstra sette him yn 1783 ta wenjen yn Dokkum als kûper, keapman en touslagger. Yn 1800 rjochte Feenstra mei de hearen Cats en Van der Veen in administraasjekantoar fan it grutboek fan’e nasjonale skuld op, dat er oant syn dea bekwaam bestjoerde.
Fan 1795 oant 1798 wie er lid fan de munisipaliteit yn Dokkum. Dêrnei waard er lid fan it tredde Yntermediêr Administratyf Bestjoer fan Fryslân fan 21 juny 1798 oant 30 maart 1799 en fan it Departemintaal bestjoer fan Fryslân.
Thijs Feenstra wie lid fan de Ried fan Ljouwert dan 1811 oant 1820 en waard yn 1824 boargemaster fan Ljouwert oant koart foar syn ferstjerren yn 1840.
Feenstra troude op 21 maaie 1786 foar it gerjocht fan Dokkum mei Rinske Allards Scheltinga, berne te Dokkum op 17 desimber 1764. Rinske ferstjert op 22 febrewaris 1829 yn de Skierstins te Feanwâlden, dy’t sûnt 1814 eigendom fan Feenstra wie.
Hy wie Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw en wenne yn Ljouwert yn it Sminiahûs oan de Twibaksmerk 36. Hy wie yn dy tiid ien fan de rykste boargers fan Ljouwert.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.