From Wikipedia, the free encyclopedia
Terschuur is in plak yn de gemeente Barneveld yn de provinsje Gelderlân. It doarp leit yn de Gelderske Fallei, flak tsjin de snelwei A1. It doarp telt, ynklusyk de omjouwing, 1510 ynwenners (2008). It doarp foarmet in tandem mei it in pear kilometer noardlik lizzende doarp Zwartebroek; in protte sosjale aktiviteiten wurde mienskiplik dien.
De buorskip Kallenbroek ten suden fan de A1, by it bosk- en heidegebiet Erica, heart ek by Terschuur. Fierder stiet in pear kilometer ten suden fan it doarp in nôtmole ;ut de 15e iuw, "Den Olden Florus".
Terschuur is ûntstien lâns de âlde Hessewei, van Amsterdam nei Dimter. Hjir stie in tolhûs dat foar wichtige ynkomsten soarge. Pleats "De Tolboom" docht hjir noch oan tinken. It doarp is neamd nei "Huzinge Terschuur", dizze waard lykwols yn 1421 troch It Sticht yn brân stutsen.
Binnen in doarp binne trije tsjerklike mienskippen aktyf. Twa tsjerken út de Protestantske Tsjerke yn Nederlân wei: ien fan herfoarme en ien fan grifformearde sinjatuer. En in tredde tsjerke, de Hersteld Herfoarme Tsjerke.
It doarp hat twa sportferienings. Fuotbalferiening "Terschuurse Boys" en kuorbalferiening "Revival".
Neist de twa sportferienings is der ek in muzykferiening mei de namme Elkander Getrouw. Oan tal fan aktiviteiten ferlient de feriening har meiwurking. As thúshonk hat de feriening it doarpshûs De Belleman. Oan de Rykswei yn Terschuur sit it Alde Ambachten- en Boartersguodmuseum.
Terschuur foarmet in tandem mei it 2 kilometer noardliker lizzende feandoarp Zwartebroek; yn de folksmûle 'Terbroek' neamd. In soad doarpsaktiviteiten wurde yn de mande dien, en wurde organisearre troch Stichting Terbroek.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.