From Wikipedia, the free encyclopedia
Mei in tekstferwurker of tekstferwurkingsprogramma, ek wol tekstbewurker (editor), kin men hjoed de dei faak sawol programma's bewurkje/oanpasse as dat men der teksten mei skriuwe/bewurkje/ferwurkje kinne.
Jierrenlang hawwe de begripen tektstbewurker en 'editor' los fan elkoar funksjonearre. De technisy wienen mei de 'editor' dwaande de programma's fan de kompjûter oan te passen. It administrative personiel brûkte benammen de tekstferwurker om brieven ensfh. te skriuwen/bewurkjen. Mei de komst fan û.o. de earste 'HTML editor' yn 1989 begûnen beide begripen yninoar te skowen.
Technysk sjoen wienen der gjin grutte ferskillen. It iene programma wie makke om yn ien fan de kompjûtertalen te skriuwen en it oare programma wurke mei ús skriuwtaal. Mar beide wienen makke om (bestjoerings)teksten by eintsjebeslút yn ien-/nulkoaden oer te setten.
In tekstferwurker hat op syn minst de mooglikheden in dokumint út in bestân yn te lêzen, yn in bestân op te slaan en op in printer ôf te printsjen. Stikken fan in tekst kinne wiske, ynfoege, kopiearre of wizige wurde.
In tal útwrydskere funksjes lykas Staveringshifker en it automatysk byhâlden fan fuotnoaten, einnoaten, ynhâldsopjefte en yndeksen waard al gau oan de tekstferwurkers tafoege, mar sûnt is dy kategory software mar in bytsje evoluearre. Utwrydske grammatikakontrôle, wurdfoarsizzing en spraakynfier komme komselden foar en faak allinnich yn pakketten fan oare fabrikanten dy’t der los by kocht wurde moatte.
De mooglikheid dy’t in soad tekstferwurkers wol hawwe is it flot ferfangen fan it iene tekstfragmint troch it oare. Dêr moat oars och sa omsichtich mei omgien wurde: as jo yn in (lange) tekst de plaknamme ‘Oudkerk’ automatysk ferfange troch ‘Aldtsjerk’, dan kin it samar wêze dat der yn dyselde tekst ek immen mei de efternamme ‘Oudkerk’ stie. Dat sjocht it tekstferwurkingsprogramma net.
Ek binne der beskate sykrûtines om in beskaat wurd of in beskate kombinaasje fan wurden te finen.
Automatysk nûmerjen fan siden, figueren, en tabellen binne ek mandeguod wurden yn tekstferwurkers.
Meast wurde tekstferwurkers ek brûkt om dokuminten mei op te meitsjen, al binne se dêr sa goed net yn as spesifike DTP-programma’s foar dat doel. Meast giet it dêrby om programma’s bedoeld om tydskriften en folders mei te meitsjen, wêrby’t de opmaak op dat stuit wichtiger is as de ynhâld. De tekstferwurker stiet dêrmei tusken de teksteditor (bygelyks in programma as ‘Kladblok’) en it DTP-programma In-Design yn kwa mooglikheden foar opmaak.
Mei de komst fan tekstferwurkers dy’t ek opmaakmooglikheden hiene is it tradisjonele berop fan siktaresse, dat foarhinne benammen bestie út it tikjen fan brieven, folslein fan ynhâld feroare. Alle meiwurkers yn organisaasjes hâlde har ûnderwilens dwaande mei likegoed de ynhâld, as mei de opmaak fan harren skriftlike (al of net digitale) produkten.
Troch de opkomst fan e-post yn it saaklik en persoanlik ferkear wurde lykwols gâns minder brieven skreaun. E-post-programma’s hiene yn it begjin fan de 21e iuw slim beheinde mooglikheden foar tekstopmaak. Inkeld wurdt e-post ferstjoerd mei html-opmaak. De tapassing fan html ferget lykwols oare software, hoewol’t guon tekstferwurkers yn html-formaat eksportearje kinne, bygelyks foar in tapassing op it ynternet.
Mei bygelyks spreadsheet-, tekstopmaak- en database-software hearre tekstferwurkers by de saneamde kantoarsoftware. Faak wurde ditsoarte programma’s troch de fabrikant byinoar yn ien yntegrearre pakket office-pakket levere. Dat hat as grut foardiel dat gegevens út bygelyks in spreadsheet maklik yn in tekstdokumint ymportearre wurde kinne.
Yn desimber 1976 kaam de earste tekstferwurker foar mykrokompjûters op ‘e merk: Electric Pencil. Softwarebasearre tekstferwurkers op persoanlike kompjûters ferfongen linkendewei de elektroanyske skriuwmasine. De term tekstferwurker begûn te ferwizen nei de softwarefabrikanten. Guon programma’s wiene lykwols spesifyk makke foar beskate types fan hardwareskriuwmasines. It programma MultiMate wie bygelyks skreaun foar in fersekeringsmaatskippij dy’t hûnderten typistes yn tsjinst hie dy’t Wang-systemen brûkten. Dy software waard dêrnei fierder ferspraat nei oare Wang-klanten.
Oare iere tekstferwurkingssoftware hie fluchtoetsen dy’t de brûker út ‘e holle leare moast troch ezelsbrechjes yn stee fan te klikken op knoppen lykas kopiearje of fet. Dêrnjonken ûntbrieken op de earste kompjûters de pylkjetoetsen gauris. Dat wie de reden dat WordStar de E-S-D-X-toetsen brûkte foar de kursernavigaasje.
It priisferskil tusken hardwaretekstferwurkers en persoanlike kompjûters waard sa lyts dat de tafoege wearde fan software oan de persoanlike kompjûter foar master opsloech. Tekstferwurking waard sels it meast populêre gebrûk fan in persoanlike kompjûter. Yn tsjinstelling ta de wurkblêdsoftware (dominearre troch Lotus 1-2-3) en de databasesoftware (dbase) waard de tekstferwurkingssoftwaremerk kompetatyf: WordPerfect, XyWrite, Microsoft Word, pfs:Write en tsientallen oare merken konkurrearren yn de tachtiger jierren.
De mids oant ein tachtiger jierren waarden skaaimerke troch it opkommen fan de folgjende technologyen:
Hardwaretekstferwurkers waarden hieltyd lytser en ferfongen stadichoan harren CRT-skerms mei lytse karakteroriïntearre LCD-skerms. Guon modellen krigen kompjûtereftige funksjes, lykas it oan kinnen fan floppy’s en de mooglikheid om tekst ôf te printsjen mei in eksterne printer. De namme waard wizige fan tekstferwurker nei elektroanyske skriuwmasine en se wiene benammen yn de ûnderkant fan de merk populêr (ûnder de ferkeappriis fan 200 dollar).
Ein tachtiger jierren en yn de njoggentiger jierren wie WordPerfect (mei it ferneamde ‘ûnderwetterskerm’) de dominante tekstferwurker.
MacWrite, Microsoft Word en oare tekstferwurkers foar it bitmapskerm fan Apple Macintosh út 1984 wiene foar ’t neist de earste echte WYSIWYG-tekstferwurkers dy’t in ûnbidige bekendheid krigen troch de yntroduksje fan Microsoft Windows. Hardwaretekstferwurkers rekken út de tiid en waarden lang om let museumstikken.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.