From Wikipedia, the free encyclopedia
Tames Oud (Nes (It Amelân), 18 maaie 1895 - De Haach, 24 jannewaris 1953) wie keunstskilder en grafikus.
Tames Oud | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 18 maaie 1895 | |
berteplak | Nes (It Amelân) | |
stoarn | 24 jannewaris 1953 (57 jier) | |
stjerplak | De Haach | |
wurkpaad | ||
streaming | 'gjin', beynfloede troch pointillisme, ekspresjonisme | |
offisjele webside | ||
RKD-profyl |
Oud hie it foar it grutste part fan syn libben net breed en hy moast dêrom hurd foar syn sinten wurkje. Omdat de keunst gjin fetpot wie, kluste er by as seeman, fisker, sjouwer, glêsblazer, stoker op in skip, dekoraasjeskilder, bokser, hurdfytser, útfiner en kroechbaas. Yn syn frije tiid en meast yn 'e nacht skildere er.
Tames Oud berne as jongste fan in earm gesin mei tolve bern, dêr 't de heit fan aktyf wie yn de skipsbou. Hy ferliet it eilân doe't er 19 jier wie. Hy gie ek noch nei de seefeartskoalle op it Amelân. Hy libbe en arbeide lange tiid yn Brussel, Belgje.
Yn de Earste Wrâldoarloch waard Oud foar de mobilisaasje yn Seelân stasjonearre. Dêr seach er de fersleine minsken út België foarbygean. Dit makke blykber yndruk, want de fersleine minske waard sûnt dy tiid in weromkearende tema yn syn wurk. Yn de winter fan 1917 – 1918 krige er ferlof en makke mei maten de oerstek fan it fêstelân nei It Amelân fia de foar in part beferzen Waadsee. Dat gie net samar, se ferdwaalden en waarden mei beferzen fuotten weromfûn. In reisgenoat kaam yn 'e tocht te ferstjerren.
Nei de oarloch gie Oud wer farren en wurke er yn fabriken. Hy troude en yn 1918 krige er in dochter. Yn 1920 fêstige hy him mei syn húshâlding yn België. Se wennen koarte tiid yn Brussel en letter djipper yn Wallonië. Yn 1923 waard er [ glêsblazer ] yn Charleroi. It altyd te krijen hawwe mei jildkrapte gie er yn dy snuorje jûns boksen om it jild. Ek gie er nei it Atheneum, dêr 't er it imitaasjeskilderjen fan [hout]] en mearmer learde, en ek it bewurkjen fan moarmer, brûns en ivoar en houtfykjen.
Ein jierren 1920 ferhuze it gesin wer nei Brussel, dêr 't Oud studearre oan de Academie voor Schone Kunsten. Hy kaam der yn de kunde mei ûnder oare Jean Brusselmans en Constant Permeke. Nei de oplieding fêstige er him yn Antwerpen. Dêr waard er diskear sjouwer yn 'e dokken. Ek gie er as dekoraasjeskilder wurkjen en dekorearre er huzen yn de omkriten fan Brussel. Hy fêstige it bedriuw Entreprises Générales de Peintures yn Schaarbeek en skildere moarmer- en houtimitaasjes. De húshâlding ferhuze nochris, diskear nei Laken.
Oud rekke ynspirearre troch it wurk fan de Flaamske ekspresjonisten lykas Permeke. Syn wurk waard krêftich, ekspressyf en kwa foarmtaal wat nayf. Kwa ûnderwerp hat Oud yn syn Flaamske tiid in foarkar foar it boere- en arbeiderslibben. Syn earste tentoanstelling wie yn 1931 yn syn eigen atelier. Nettsjinsteande breklike belangstelling krige er in loovjende krityk yn in Belgysk tydskrift en waard er neamd yn in rychje mei grutte skilders út dy tiid as James Ensor en Permeke. Yn 1932 die Oud mei oan in grutte eksposysje yn it gemeentehûs te Laken, dêr 't er dé ûntdekking fan de tentoanstelling wurde soe.
Yn 1934 iepenen Oud en de frou yn Brussel in kafee yn it noarden fan Brussel. Der folgen mear tentoanstellingen en syn skilderijen hongen op de wrâldtentoanstelling fan Brussel yn 1935. Nei fiif jier begûn it minder te rinnen yn it kafee omdat de gasten ôfskrikt waarden troch syn entûsjasme foar de keunst.
Yn Belgje skildere er ûnder oaren yn 1946 wurk mei as tema Kristus' yntocht yn Flaanderen'. It wurk is te fergelykjen mei James Ensor syn 'Intocht van Christus in Brussel', mar it is skildere yn in styl dy't mear hat fan dy fan de Flaamske skilder Constant Permeke.
Syn dochter waard mannequin en fêstige har yn Amsterdam. Oud en syn frou fêstigen har ein jierren tritich yn Den Haach om by har yn de buert te bliuwen. [ 4 ] Hy keas dêr útdruklik foar in bestean as keunstskilder. Der wie in grutte omslach yn syn wurk en der ûntstiene nije tema’s as it libben yn de haven en it seegesicht. Ek paste er in pointillistyske technyk ta. [ 5 ] Yn 1939 hie er yn Nederlân in earste fan in rige tentoanstellingen.
It Amelân hat Oud nea loslitten. Syn hiele libben is er trochgien mei it ferbyldzjen fan syn bertegrûn: de strannen, de see, hûskes en plakjes. Doe't Oud werom kaam yn Nederlân hat er keunstners as Tytgat, Permeke, Brusselmans, Desmet en oaren 'meinaam'.
Tames Oud syn wurk is breed wat techniken en tema oanbelanget, faak eksperimenteel en hat skaaimerken fan ferskillende keunststreamings. Hy hat al by syn libben meidien oan in grut tal eksposysjes yn Nederlân, Dútslân, Belgje en Amerika. Yn 1981 wie der in frij grutte Tames Oud oersjoch-útstalling yn it Frysk Museum yn Ljouwert. Doe is ek it boekje "Tames Oud van Ameland" útbrocht.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.