From Wikipedia, the free encyclopedia
Tûkdammê (Simmearysk wierskynlik: Tugdammê of Dugdammê, of mooglik Dugdammi; helenisearre ta Lygdamis) wie yn 'e midden fan 'e sânde iuw f.Kr. kening fan 'e Simmearjers. Syn namme komt foar yn in gebed fan 'e Assyryske kening Asjoerbanipal oan 'e god Mardûk, wêrfan't in fragmint oerlevere is en no bewûndere wurde kin yn it Britsk Museum yn Londen. Neffens de Hongaarske taalkundige János Harmatta, soe 'Tûkdammê' etymologysk werom gean op it Proto-Iraanske *duɣda-maya ("jouwer fan lokkigens"). Edwin M. Yamauchi ynterpretearret it ek as fan Iraanske oarsprong en ferwiist dêrby nei de oerienkomsten mei it Ossetyske tux-domæg ("regearjend mei krêft").
Tûkdammê | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Simmearysk | |
bertedatum | 1e helte fan 'e 7e iuw f.Kr. | |
stjerdatum | ±640 f.Kr. | |
etnisiteit | Simmearysk | |
kening fan 'e Simmearjers | ||
amtsperioade | ±660 f.Kr. – ±640 f.Kr. | |
foargonger | ûnbekend | |
opfolger | Sandachsjatra |
It keningskip fan Tûkdammê begûn omtrint 660 f.Kr. It is net dúdlik oft hy de lieder fan 'e Simmearyske ynvaazje yn Lydje wie, wêrby't yn 654 f.Kr. of 652 f.Kr. (de krekte datearring is ûnwis) de Lydyske kening Gyges sneuvele en de Lydyske haadstêd Sardis plondere en fierhinne ferwoastge waard. De ierst bekende oanfallen dêr't Tûkdammê mei in beskate mjitte fan wissichheid mei yn ferbân brocht wurde kin, binne de oanfallen dy't de Simmearjers neitiid útfierden op guon Grykske koloanjes yn Ioanje.
Yn 653 f.Kr. setten de Simmearjers ûnder lieding fan Tûkdammê útein mei in ynfal yn it machtige Assyryske Ryk, dat doedestiden bestjoerd waard troch kening Asjoerbanipal. De Assyryske ynskripsjes dy't dêr gewach fan meitsje, sprekke fan Tûkdammê as de "kening fan 'e Saka en Qutium", mar se partsje him ek de titel ta fan šar Kissati, letterlik: "kening fan Kisj", dat safolle sizze woe as "kening fan 'e wrâld". Dat suggerearret dat Tûkdammê oer in mânsk ryk regearre.
Uteinlik waard Tûkdammê yn 641 f.Kr. of 640 f.Kr. ferslein en deade, mar it is ûnbekend troch wa. De Grykske histoarikus Strabo suggerearret dat de Skytyske kening Madys de ferantwurdlike wie. De ynskripsjes fan Asjoerbanipal hâlde it derop dat Tûkdammê troch de god Mardûk ferslein waard. Dat kin betsjutte dat Asjoerbanipal tankber wie foar syn oerwinning en dy oan Mardûk opdroech, mar it is ek mooglik dat it betsjut dat it net Asjoerbanipal wie dy't Tûkdammê fersloech, mar eat of immen fan bûten it Assyryske Ryk; dat soe dan Mardys wêze kinne.
Tûkdammê waard opfolge troch syn soan Sandachsjatra. Dyselde waard troch de Dútske oriïntalist Fritz Hommel (1854-1936) identifisearre mei de Medyske kening Syaksares. Dat soe betsjutte dat Tugdammê eins de Medyske kening Fraortes wie. Dy identifikaasje is tige omstriden.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.