From Wikipedia, the free encyclopedia
De Switserske frank is de munt fan Switserlân en Lychtenstein. De offisjele namme fan Switserlân ("Switsersk eedgenoatskip") wurdt op de munten skreaun yn it Latyn (Confoederatio Helvetica), sadat net ien fan de fjouwer lânstalen tekoart dien wurdt.
De ynternasjonale koade foar de Switserske frank is CHF (ISO 4217). De munt wurdt ek brûkt yn de Italjaanske eksklave Campione d'Italia.
Ien Switserske frank is ferdield yn hûndert rappen. Der binne munten fan 5, 10 en 20 rappen. De munt mei in wearde fan 50 rappen wurdt in heale frank neamd. Fierders binne der noch munten fan 1, 2 en 5 frank. Bankbiljetten binne der fan 10, 20, 50, 100, 200 en 1000 frank.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.