From Wikipedia, the free encyclopedia
Suzanne Schulting (Grins, 25 septimber 1997) is in Frysk shorttracker. Suzanne is de dochter fan de eardere fuotballer Jan Schulting.
Suzanne Schulting | ||
Reedrider | ||
Suzanne Schulting | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Suzanne Schulting | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 25 septimber 1997 | |
berteplak | Grins | |
etnisiteit | Frysk | |
lingte | 1,70 m | |
sportive ynformaasje | ||
O.S. | Pyeongchang 2018 Peking 2022 | |
debút | 2014 | |
wichtige prestaasjes | ||
Shorttrack goud 3x Olympyske Spullen 2018 & 2022 sulver 1x Olympyske Spullen 2022 brûns 1x Olympyske Spullen 2018 goud 10 x WK sulver 2x WK brûns 2x WK goud 17x EK sulver 4x EK brûns 3x Langebaan brûns 1x EK Sprint |
Op de Olympyske Winterspullen 2018 yn Pyeongchang, Súd-Korea, wûn Schulting in gouden medalje op de 1000 meter, wêrmei't se de earste Nederlânske Olympysk kampioene yn it shorttracken waard. Se helle ek in brûnzen medalje op de 3000 meter estafette, dêr't se mei Yara van Kerkhof, Jorien ter Mors en Lara van Ruijven in nij wrâldrekord sette yn de B-finale en it team troch (twa) penalty's yn de A-finale fan Sina en Kanada gie noch nei it tredde plak. Op de Olympyske Winterspullen 2022 yn Peking wûn se sulver op de 500m en ferdigene se mei súkses de Olympyske titel fan 2018 op de 1000m. Op 13 febrewaris 2022 wûn se mei it Nederlânske team Olympysk goud op de shorttrackestafette.
Schulting waard wrâldkampioen op de 1000 meter en yn 2019 algemien. Yn 2019, 2020 en 2021 waard se Europeesk shorttrackkampioen. Ek docht se mei op de lange baan.
Yn 2014 keas de KNSB har tas Shorttracktalint fan it jier en fan 2016 oant 2023 mei sân opienfolgjende jierren as Shorttracker yn it jier (fan 2020 oant de Priis Peter van der Velde Bokaal, yn 2021 waard de priis net útrikt fanwegen de COVID-19-pandemy). Nei har earste Olympyske oerwinning op de Winterspullen yn Pyeongchang, waard Schulting yn maart 2018 beneamd as Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Yn datselde jier waard se troch in sjuery fan aktive Nederlânske atleten en in faksjuery keazen as Sportfrou fan it Jier. Schulting naam it by de ferkiezing op tsjin hurdrydster Jorien ter Mors en ek de hurdfyts wrâldkampioenen Anna van der Breggen en Annemiek van Vleuten.
Yn juny 2019 waard se op It Hearrenfean mei in búste eare op de Walk of Fean yn It Hearrenfean as Sportfrou fan de Regio. Troch oanhâldend fandalisme waard de búste yn desimber 2019 weihelle út de iepen romte.
Ofstân | Tiid | Datum | Lokaasje | Oar | |
---|---|---|---|---|---|
Baan | Plak | ||||
500 meter | 37,71 | 27 desimber 2020 | Thialf | It Hearrenfean | |
1000 meter | 1.13,97 | 28 desimber 2020 | Thialf | It Hearrenfean | |
1500 meter | 1.57,02 | 26 septimber 2021 | Thialf | It Hearrenfean | |
3000 meter | 4.23,78 | 20 desimber 2014 | Thialf | It Hearrenfean | |
5000 meter |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.