haadstêd fan it kanton Zürich, Switserlân From Wikipedia, the free encyclopedia
Zürich (Switserdútsk: Züri, Italjaansk: Zurigo, Retoromaansk: Turitg, Latyn: Turicum) is de grutste stêd fan Switserlân en is haadstêd fan it kanton Zürich. Zürich leit oan de rivier de Limmat en de Sihl, yn in brede delling oan de mar fan Zürich (Zürichsee). It gebiet wurdt al goed twatûzen jier bewenne. Zürich is it ekonomysk sintrum fan Switserlân. Alle wichtige banken hawwe dêr in festiging, de Switserske beurs sit der en teffens is it it hannelsplak foar goud yn de wrâld.
Zürich | ||
Boppe: Zurich by nacht fan Üetliberg sjoen, Midslofts: Nasjonaal Museum, Midsrjochts: Switsersk Federaal Ynstitút fan Technology, Under: Sicht op Zurich en de mar. | ||
Bestjoer | ||
Lân | Switserlân | |
Kanton | Zürich | |
Distrikt | Zürich | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 433,989 (2023) | |
Oerflak | 87,88 km² | |
Befolkingsticht. | 4.936 / km² | |
Hichte | 408 m | |
Oar | ||
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Webside fan Zürich |
Zürich is ferneamd as plak foar frijtinkers. Lenin hâlde der ta yn de tiid foar de revolúsje yn Ruslân, en it dadaïsme is der ûntstien. De Ierske skriuwer James Joyce en de Dútske Nobelpriiswinner Thomas Mann kamen yn Zürich te hôf. Op kultureel mêd binne der in soad museums, benammen it Kunsthaus hat in breed erkende samling.
Gebouwen fan belang binne it Grossmünster, it Kunsthaus Zürich, de ETH, de Universiteit en it Heidi Weber Haus fan de Switserske arsjitekt Le Corbusier.
Alle jierren, op de twadde sneon yn augustus, is dêr it grutte evenemint de Street Parade.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.