Supermarine S.6B
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Supermarine S.6B wie in Britske race-wetterfleanmasine mei twa grutte driuwers ûntwurpen troch Reginald Joseph Mitchell (1895-1937) fan it bedriuw Supermarine foar it winnen fan de Schneider Trophy yn 1931. It tastel waard ûntwikkele út de Supermarine S.6 en krige in krêftiger motor en oanpaste driuwers. Op grûn fan de ûnderfining by de bou fan dit tastel waard de Supermarine Spitfire mei in Rolls-Royce Merlin motor ûntwikkele.
Supermarine S.6B | |
---|---|
Rol | Racefleantúch |
Makker | Supermarine Aviation |
Untwerper | Reginald Joseph Mitchell |
Earste flecht | 1931 |
Yn tsjinst | 1931 |
Tal makke | 2 |
Brûkers | Royal Airforce High Speed Flight |
De S.6B S1595 wûn de Schneider Trophy 1931 mei in topfaasje fan 547,2 km/o. It tastel is hjoed-de-dei te sjen yn it Science Museum yn Londen.
Santjin dagen letter wie it de S.6B S1596, flein troch Flt Lt. George Stainforth, dy't mei in faasje fan 655,67 km/o it wrâldfaasjerekord ferbruts.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Supermarine S.6B fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.