In superheld (Ingelsk: superhero) is in soarte fan protagonist dy't fan oarsprong benammen yn stripferhalen foarkomt, mar tsjintwurdich ek wol yn op sokke stripferhalen basearre tekenfilms of spylfilms. In superheld kin omskreaun wurde as in heldhaftich personaazje mei boppeminsklike krêften. In froulike superheld wurdt in superheldinne neamd. De earste superhelden ûntstiene yn 'e Feriene Steaten mei de opkomst fan 'e earste strips, yn 'e 1930-er jierren. It tsjinstelde fan in superheld is in supersmjunt (Ingelsk: super villain), in antagonist mei soartgelikense boppeminsklike krêften, tsjin wa't de superheld it opnimme moat.
In faak foarkommend skaaimerk fan in superheld is dat er in dûbellibben liedt, wêrby't er yn syn deistich bestean in ûnopfallende persoanlikheid hat, wylst er him as bestrider fan 'e misdie ferklaait yn in pakje fan lykra of in oar straksittend materiaal dêr't syn spieren troch te sjen binne. Teffens draacht er yn syn heldefoarm yn 'e regel in masker, sadat syn identiteit foar it omsteand laach geheim bliuwt. Superhelden nimme it yn 'e regel op tsjin supersmjunten, rike en tige súksesfolle misdiedigers dy't net selden út binne op 'e oerhearsking fan 'e hiele wrâld en dêrta snoade plannen smeie yn in ferburgen haadkertier.
Foarbylden fan superhelden út stripferhalen binne Superman, Batman, Spider-Man, Captain America, Wolverine, de Green Lantern, de Hulk, de Flash, Iron Man, ensfh. De bekendste superheldinne is Wonder Woman. Personaazjes dy't net út stripferhalen ôfkomstich binne, mar dochs sterk beskate karakteristiken fan superhelden fertoane, binne bygelyks Zorro, Tarzan en Conan de Barbaar.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.