From Wikipedia, the free encyclopedia
Strukelje of Struukelje (Dútsk: Strücklingen) is in doarp en eardere gemeente yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. Yn 1974 waard de gemeente part fan de nije gemeente Sealterlân yn it Landkreis Kloppenburch. It is it noardlikste doarp fan it Sealterlân.
Strukelje Strücklingen | ||
Dûbeltalich plaknammeboerd | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Landkreis | Kloppenburch (distrikt) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.220 (2019) | |
Stêdekloft | n.f.t. | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+2 |
It dialekt fan Stukelje is it noardlikste dialekt fan it Sealtersk. De âldste foarm fan de namme Strukelje is fan 1473: struklinge. De útgong -linge hat him letter ta -lje ûntwikkele.
Ta it doarp heart ek de buorskip Uutände Yn 'e Midsiuwen stie dêr de tsjerke, dy't faaks noch âlder as Strukelje sels wie. Fierders hearre ek de buorskippen Baaljene, Bieuwelte, Strukelje-West, Wietsound, Ubbehusen en Boukeläsk (kleaster) ta it doarp.
Oan de westkant fan Strukelje leit de B72; troch it doarp rint de Sealter Ie. Strukelje leit oan de Dútske Feanrûte.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.