Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Stasjon Kampen Súd (Kpnz) is in stasjon oan de Hânzeline yn de stêd Kampen yn de provinsje Oerisel.
Stasjon Kampen Súd station Kampen Zuid | ||
Stasjon Kampen Súd yn 2012 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Kampen | |
plak | Kampen | |
adres | Burgemeester Van Tuinenplein 1 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Kpnz | |
iepening | 9 desimber 2012 | |
boujier | 2010 | |
arsjitekt | Tjerk van de Lune | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Hânzeline | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
It stasjonsgebou kaam yn 2010 ree, en waard iepene op 9 desimber 2012 foar treinreizgers doe't it spoar fan de Hânzeline (Lelystêd Sintrum - Swol) oanlein wie. It ûntwerp fan it stasjon is kwa foarmjouwing ynspirearre troch stasjon Heemstede-Aerdenhout. It stasjon hat lykwols gjin bemande foarsjenningen. Der is in iepen stasjonshal ûnder de spoarline en perrons mei dêryn foarsjenningen as de kaartsje-automaten. Yn de hal binne de treppen en liften nei de perrons ta. De muorren binne oan de bûtenkant safolle mooglik útfierd mei bakstien. De súdkant fan de hal, de liften en de abry's lâns de perrons binne útfierd yn swartgriis lakt stiel en glês.
Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
12600 | Intercity (NS) | Grins – Assen – Swol – Kampen Súd – Lelystêd Sintrum – Almeare Sintrum – Amsterdam Sintraal | Alinne freedtenachts |
4600 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Sloterdijk – Amsterdam Sintraal – Weesp – Almeare Sintrum – Almeare Bûten – Lelystêd Sintrum – Kampen Súd – Swol | Ride yn de jûnsoeren en it wykein ek fan / nei De Haach Sintraal. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.