From Wikipedia, the free encyclopedia
Stasjon Dronten (Dron) is in stasjon oan de Hânzeline yn de stêd Dronten yn de provinsje Flevolân.
Stasjon Dronten station Dronten | ||
Stasjon Dronten yn 2011 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Flevolân | |
Gemeente | Dronten | |
plak | Dronten | |
adres | De Noord 71 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Dron | |
iepening | 9 desimber 2012 | |
boujier | 2010 | |
arsjitekt | Tjerk van de Lune | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Hânzeline | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
It stasjonsgebou kaam yn 2010 ree, en waard iepene op 9 desimber 2012 foar treinreizgers doe't it spoar fan de Hânzeline (Lelystêd Sintrum - Swol) oanlein wie. It ûntwerp fan it stasjon is kwa foarmjouwing ynspirearre troch stasjon Heemstede-Aerdenhout. It stasjon hat lykwols gjin bemande foarsjenningen. By de treppen lâns nei de perrons binne hege bakstiennen kolommen. Ek de muorre ûnder it fiadukt is útfierd yn bakstien en fungearret as stasjonshal. By de perrons del komme abry's yn lakt stiel en glês. Ek de râne fan de luifel boppe de treppen en liften is mei dit materiaal útfierd.
Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
12600 | Intercity (NS) | Grins – Assen – Swol – Dronten – Lelystêd Sintrum – Almeare Sintrum – Amsterdam Sintraal | Alinne freedtenachts |
4600 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Sloterdijk – Amsterdam Sintraal – Weesp – Almeare Sintrum – Almeare Bûten – Lelystêd Sintrum – Dronten – Swol | Ride yn de jûnsoeren en it wykein ek fan / nei De Haach Sintraal. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.