From Wikipedia, the free encyclopedia
Srebrenica [ˈsrɛ.brɛ.ni.ʦa]? (Servysk: Сребреница) is in stêd en gemeente yn Bosnje-Hertsegovina en leit yn de regio Vlasenica, yn de Servyske Republyk yn Bosnje-Hertsegovina: de Servyske entiteit fan it lân.
Srebrenica Сребреница | ||
Polityk | ||
Lân | Bosnje en Herzegovina | |
Entiteit | Servyske Republyk | |
Boargemaster | Osman Suljić (SDA)(2008-12) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 15.242 (2013) | |
Oerflak | 527 km² | |
Oar | ||
Tiidsône | CET (UTC+1) | |
Simmertiid | CET (UTC+2) | |
Offisjele webside | ||
www.srebrenica-opstina.org/ |
It leit yn de delte fan de rivier de Guber, dêr't it him yn de lingte útstrekt mar net de heuvels opklimt. Troch dy langhalige lizzing bestiet it stedsje benammen út twa lange haadstrjitten.
De namme 'Srebrenica' betsjut yn it Servo-Kroätysk safolle as 'sulveren plak'. Soksoarte namme waard foar it earst tapast troch de Romeinen, dy't yn de Guber-fallei sulver ûntdekten en de delsetting Argentario (ofwol Sulverstêd) stiften. Neist sulver waarden der yn it gebiet ek oare grûnstoffen en mineralen fûn, lykas erts en sink.
Srebrenica is benammen bekend wurden troch de genoside dy't yn 1995 barde. Dat barren is bekend as de fal fan Srebrenica.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Srebrenica fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.