Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
It spoar fan Ljouwert nei Grins bestiet sûnt 1 juny 1866. De ferbining wie eartiids ûnderdiel fan de steatsline B, dy't fan Harns nei Nijeskâns rûn. It spoar fan Ljouwert nei Grins hat in lingte fan 54 kilometer. Oan it spoar lizze de stasjons Ljouwert - Ljouwert-Kammingabuorren - Stasjon Hurdegaryp - Stasjon Feanwâlden - Stasjon De Westereen - Stasjon Bûtenpost - Grijpskerk - Súdhorn en Stasjon Grins.
De spoarferbining is in desintraal spoar, dat wol sizze dat it net falt ûnder de ferantwurdlikheid fan in Ministearje fan Ferkear en Wettersteat, mar dat it falt ûnder in desintrale oerheid. Dat binne yn dit gefal de provinsjes Fryslân en Grinslân. De ferfierskonsesje is yn hannen fan Arriva. Dêrmei hat Arriva it allinnerjocht om op it trajekt treinen ride te litten.
It spoar waard inkelspoarich oanlein en is net elektrifisearre. Letter waard besluten om it spoar te ferdûbeljen. Doe't bliken die dat ferdûbeljen oer de hiele lingte te djoer wie, is allinnich it stik Feanwâlden - Grijpskerk ferdûbele (sa'n 30 kilometer). Op dit stik fan it spoar jildt in maksimum snelheid fan 140 kilometer it oere. It spoar Ljouwer-Grins is befeilige mei ATB-NG. Op it spoar sûnder boppelieding ride Switserske Spurt-dieseltreinen.
(kursyf: earder stasjon)
Stasjon | Iepene | hjoeddeistich gebou | ||
---|---|---|---|---|
Ljouwert | 1863 | 1863, SS, 1e gebou, type SS tredde klasse inkelde kearen yngreven ferboud | ||
Ljouwert Achter de Hoven | 1915 | gjin, stasjon sletten yn 2018 | ||
Ljouwert-Kammingabuorren | 1991 | 1991, NS, 1e gebou, abri | ||
Alddeel | 1915 | gjin,stasjon sletten yn 1947 | ||
Tytsjerk | 1866 | gjin, gebou sloopt yn 1950, stasjon sletten yn 1950 | ||
Hurdegaryp | 1866 | 1964, NS, 2e gebou, Standerttype Vierlingsbeek, by iepening type SS fyfde klasse | ||
Feanwâlden | 1866 | 1973, NS, 2e gebou, Standerttype Beilen, by iepening type SS fjirde klasse | ||
De Westereen | 1866 | gjin, gebou út 1955 sloopt yn 2003 | ||
Wyldpaad | 1885 | gjin, stasjon sletten yn 1887 | ||
Feankleaster-Twizel | 1921 | gjin, stasjon sletten yn 1938 | ||
Bûtenpost | 1866 | 1973, NS, 2e gebou, Standerttype Beilen, by iepening type SS fjirde klasse | ||
Fryslân/Grinslân | ||||
Fisfliet | 1892 | gjin, gebou Standerttype Fisfliet
sloopt yn 1983, stasjon sletten yn 1991 | ||
Grypskerk | 1866 | gjin, 3e gebou in 2005 sloopt, bij iepening type SS fyfde klasse | ||
Súdhorn | 1866 | 1976, NS, 2e gebou, Standerttype Beilen, by iepening type SS fyfde klasse | ||
Den Horn | 1885 | gjin, stasjon sletten yn 1938 | ||
Hoogkerk-Vierverlaten | 1886 | gjin, gebou sloopt yn 1984, stasjon sletten yn 1951 | ||
Grins | 1866 | 1896, SS, 3e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Isaac Gosschalk |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.