From Wikipedia, the free encyclopedia
Special effects (Ingelsk foar "bysûndere effekten"), soms ôfkoarte ta SFX of SPFX, binne optyske, meganyske, digitale of auditive techniken dy't ynset wurde yn films, tillefyzje, toaniel en fotografy om effekten te skeppen dy't gewoanwei net berikt wurde kinne. Ek wurde special effects wol brûkt as sokke effekten wol fia de gewoane wei berikt wurde kinne, mar as dat te djoer of te gefaarlik is. De earste 'film' mei special effects waard yn 1857 makke troch de Sweedske filmpionier Oscar Gustave Rejlander, dy't dêrfoar ferskillende stikjes fan tritich negativen kombinearre.
Der binne ferskate soarten special effects. Mei optyske (of fisuële, of fotografyske) techniken kinne film- en tillefyzjebylden en foto's sadanich manipulearre wurde dat se sjen litte wat de makker wol dat se sjen litte (wat hiel wat oars wêze kin as dat se oarspronklik wier sjen lieten). In foarbyld is it gebrûk fan in saneamd bluescreen, wêrby't bylden opnommen wurde tsjin in neutrale eftergrûn, dy't neitiid ferfongen wurdt troch in oar (bewegend) byld of troch digitale animaasje.
Fierders binne der meganyske effekten, lykas eksploazjes (pyrotechnyk), reekmasines, ensfh., dy't direkt ûnder it filmjen ynset wurde. Ta einbeslút binne der ek noch lûdseffekten, dat keunstmjittich kreëarre of manipulearre lûden binne (bgl. fan tonger, wapengekletter of fûstslaggen). Dizze lêste kategory special effects wurdt net inkeld yn films, op 'e tillefyzje en op it toaniel, mar ek wol op 'e radio brûkt, fral yn harkspullen. Ek wurde se ynset by kompjûter- en fideospultsjes.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.