It Spartakusbûn (Spartakusbund) wie in Dútske radikaal-linkse en kommunisysk oriïntearre organisaasje, oprjochte yn 1915, yn it earstoan ûnder de namme Gruppe Internationale.
De namme Spartaûsbûn ferwiist nei slavenoanfierder Spartakus dy't 73 f.Kr. yn opstân kaam tsjin de Romeinen.
Foaroanlju fan it Spartakusbûn wienen Karl Liebknecht, Rosa Luxemburg en Wilhelm Pieck. Fan 1915 oant 1918 wie it bûn fral tsjin ít meidwaan fan Dútslân oan de kriich en de saneamde Burgfriedenspolitik fan de SPD (dat betsjut it fiergeand oparbeidzjen fan de sosjaaldemokraten mei it keizerlik regear). It Spartakusbûn radikalisearre bot nei de Russyske Oktoberrevolúsje dy't yn 1917 de Bolsjewiken oan de macht brocht. It wie ûnder de Dútske Novimberrevolúsje (1918) en har neiflearen, earst nei it frijlitten fan Liebknecht en Luxemburg (efterelkoar oktober en novimber 1918), dat it bûn har hichtepunt berikte. Jannewaris 1919 besocht it Spartakusbûn mei de lofterfleugel fan de USPD en de loftse revolúsjonêren om 'e nocht yn Berlyn de macht oer te nimmen en dêr in riederepublyk te stichten. Nei dy saneamde "Spartakusopstân" waarden Rosa Luxemburg en Karl Liebknecht deadien. Wilhelm Pieck, in oare Spartakist, koe ûntkomme. Hy wie letter presidint fan de Dútske Demokratyske Republyk.
Neitiid feroare it Spartakusbûn har namme yn Kommunistische Partei Deutschlands (KPD).
Promininte leden
- Leo Jogiches
- Paul Levi
- Karl Liebknecht
- Rosa Luxemburg
- Julian Marchlewski
- Ernst Meyer
- Franz Mehring
- Wilhelm Pieck
- August Thalheimer
- Bertha Thalheimer
- Clara Zetkin
Literatuer
- Wolfgang Abendroth: Geschichte der Arbeiterbewegung. Bd 1. Distel-Verlag, Heilbronn 1985. ISBN 3923208197
- ML-Institut der SED: Geschichte der deutschen Arbeiterbewegung. Bd 3. Dietz Verlag, Berlyn 1966. (mei orzjinele boarnedokuminten)
Keppelings om utens
- (dú) Ynformaasje oer it Spartakusbûn
- (dú) Deutsches Historisches Museum Gruppe Internationale/Spartakusbund
- (in) Oer it programma fan Spartakus troch Rosa Luxemburg
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.