From Wikipedia, the free encyclopedia
Southampton is in stêd (city) en unitary authority (UA) yn de Ingelske regio Súdeast-Ingelân en telt 217.445 ynwenners. De oerflakte bedraacht 49,8 km2.
Southampton | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
County | Hampshire | |
Regio | Súd East Ingelân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 234.100 (2007) | |
Oerflak | 49,8 km² | |
Befolkingsticht. | 4.454/ km² | |
Stêdekloft | 1.000.000 | |
Oar | ||
Stifting | *± 43 f.Kr. *Citystatus 1964 *UA 1997 | |
Tiidsône | GMT (UTC+0) | |
Simmertiid | British Summer Time (UTC+1) | |
Offisjele webside | ||
www.southampton.gov.uk/ |
Southampton leit yn it greefskip Hampshire. De stêd is de grutste havenstêd fan it lân.
Hoewol't it plak al sûnt de stientid bewenne is en der ea de Romeinske delsetting Clausentum fêstige wie, begjint de grutte bloei fan Southampton pas mei de komst fan de Normandjers yn 1066, as de stêd brûkt wurdt as haven fan it tichtbylizzende Winchester (destiids de haadstêd fan Ingelân). Southampton foarmet fan dat stuit ôf de wichtichste skeakel tusken it Ingelske en it kontinintale diel fan it Normandyske keninkryk.
Op 10 april 1912 ferliet it bekende skip de RMS Titanic de haven en sette ôf nei Cherbourg yn Frankryk om dêrnei fierder te farren nei New York, dêr't it skip lykwols nea oankomd is.
Southampton is de thússtêd fan fuotbalklup Southampton FC.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Southampton fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.