De Slach by Fouillé of Campus Vogladensis wie in fjildslach yn de maitiid fan 507 tusken it leger fan de Fisigoaten en it leger fan in gelegenheidskoalysje fan Salyske Franken en Boergonden. De Franken waarden laat fan kening Klovis en de Fisigoaten hienen kening Alarik II as oanfierder. De slach waard wûn troch de Franken en Boergonden. Dat telider slaan wie de ein fan de Fisigoatyske supremasy yn it eardere Romeinsk Galje en it begjin fan de opgong nei it ûntstean fan Frankryk.
Oanlieding
Nei de delgong fan it West-Romeinske Ryk en de opkomst fan de Germaanske keninkriken wienen der twa riken dy't yn 'e slach wiene om de macht fan Galje. De Frankyske kening Klovis hie al ferskate kearen stride tsjin syn opponint kening Alarik. Neffens de analen oermasteren de Fisigoaten Saintes yn 496 wer en krigen de Franken yn 498 Bordeaux yn hannen.
Op in stuit akkordearre Klovis mei Anastasius I fan it Byzantynske Ryk dat elk fan har kant de Fisigoaten oanfalle soenen. Ek slagge it de Franken troch yngeande diplomasy fan biskop Avitus fan Fienne, om Gundobad kening fan de Boergonden oan harren kant te krijen.
De slach
Yn de maitiid fan 507 setten de Franken de rivier de Loire oer en foelen it noardlik grinsgebiet fan it Fisigoatyske Ryk yn. Klovis hie him net allinnich fan de kant fan de Boergonden fersterke mar ek mei soldaten fan besibbe Frankyske riken, û.o mei de soan fan Sigebert de Lamme. Tagelyk foel út it easten syn Boergondyske bûnsmaat Gundobad oan. By Fouillé, in plak tichteby Poitiers, kamen de legers inoar tsjin. Rillegau moasten de Fisigoaten belies jaan. Yn dy slach sloech Klovis Alarik dea en waard it leger fan de Fisigoten ferslein. In leger fan de Ostrogoatyske bûnsmaten dat troch Diderik de Grutte út Itaalje stjoerd waard, kaam te let om har stamsibben te helpen. Lykwols wie it wol by steat om de Boergonden in fikse tebeksetter te jaan.
Betsjutting
De útkomst fan de slach wie wichtich foar de takomst fan Galje. Nei de slach waarden de Fisigoaten twongen har werom te lûken nei Septimaanje, dêr't sy noch in skoftlang stânholden. It súkses by Fouillé makke it mooglik dat de Franken it súdwestlike diel fan Frankryk behearsken, en Toulouse, de haadstêd fan de Fisigoaten yn besit krige. Alariks syn net-wettige soan Gesalik besocht werom te slaan by Narbonne, mar hy waard ôfset en lang om let fermoarde doe't Narbonne ynnommen waard troch Boergondyske bûnsmaten fan de Franken dy't dêr hoekholden oant 511.
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.