Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Skraard is in terpdoarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, besuden Wytmarsum. Oant 2011 lei Skraard yn de eardere gemeente Wûnseradiel. It doarp hat likernôch 180 ynwenners (2004) en hat sûnt 1988 de status fan beskerme doarpsgesicht. It is ûntstien op de súdlike ouwer fan de Marneslinke en wurdt yn de earste geskriften Scadawerth neamd.
| |||||
Gemeente | Súdwest-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2011) | 194 | ||||
Webstee | http://www.wunseradiel.nl |
Hjir stie eartiids de Aylvastate.
De protestantske tsjerke wurdt yn 1270 foar it earst neamd en is yn 1954 restaurearre. Hjir spilet in ferhaal fan in hosty-wûnder, dat twa kear troch de paus erkend waard. Dit kaam trochdat de pastoar en de fikaris yn 1414 in bliedende hosty op it alter fûnen. Der kamen letter dan ek pylgers op beafeart op ôf. Minsken dy't in ôflaat krigen koenen boete dwaan troch dêr hinne te gean en in offer te bringen. De tsjerke datearret foar in grut part út de let romaanske perioade en is fan giele friezen boud, lykas de toer. Yn de tsjerke stiet meubilêr út de 17e iuw. De renêssânse kânsel, doopstek, lessener, jildtaffeltsje en nachtmielbanken foarmje in harmonieus gehiel. Moai houtsnijwurk binne de sydwangen fan tsien tsjerkebanken fan ± 1565 mei ingelen, duvels en mûnsters.
Skraard wie yn de achttjinde en njoggentjinde iuw in sintrum foar handel yn hea. Súdeast fan de tsjerke stie tusken 1860 en ûngefear 1950 in spinnekopmûne.
De eardere grifformearde tsjerke wurdt as wenhûs brûkt.
Doarpsstrjitte, Easterleane, Skoalstrjitte, Smidstrjitte, Wûnserwei, Suderleane.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.