It Sjûkelân is de algemien brûkte beneaming foar it ferneamde keatsfjild yn 'e Fryske stêd Frjentsjer, dêr't sûnt 1856 elts jier op 'e fyfde woansdei nei 30 juny de PC holden wurdt.[1] It leit yn 'e Frjentsjerter binnenstêd, oan 'e noardkant fan 'e Fiverstrjitte, rjocht foar de ôfslach nei de Foarstrjitte oer.[2]

Fluch de feiten
Sjûkelân
Thumb
In foto fan it Sjûkelân mei de twa tuorren. Op de eftergrûn de Foarstrjitte en fierderop de toer fan 'e Martiny-tsjerke
Thumb
Sjûkelân
De lokaasje fan it Sjûkelân yn Frjentsjer.
Slute
Thumb
Utsneed plattegrûn Frjentsjer
(it noarden is ûnder!)
Thumb
finale PC 2006
Thumb
Jeugd keatst op in lytser fjild, dus kinne de perken oan de lange side fan it terrein lein wurde
Thumb
In dridzich fjild by de PC fan 2010

Histoaryske grûn

Op it plak fan it terrein stie it Sjaerdemaslot dat koart nei 1725 sloopt waard. Om 1600 wenne dêr Carel fan Sternsee, soan fan Christoffel fan Sternsee, drost fan Harns. Dêroan is de namme Sternske Slotlân ûntliend. De offisjele namme ‘Sternske Slotland' wurdt suver nea brûkt, hoewol't er noch wol weromkomt yn 'e namme fan 'e Frjentsjerter Showband Sternse Slotlanders.[3] De beneaming Sternse Slotland giet werom op Karel fan Sternsee, in santjinde-iuwske bewenner fan it Sjaerdemaslot.[1]De slotfiver waard mei pún en grûn tichtsmiten en it terrein waard yn 1733 mei fergunning fan de stêd in stoartplak fan smoargens en modder. Dat waard nei ferrin fan tiid brûkt om inkele stedsgrêften mei ticht te smiten.
Yn 1754 waard it Sternske Slotlân yn gebrûk nomd as boulân en in jier letter stie der koalsie yn bloei. Neidat dit rispe wie waard it earste folksfeest op it Sternske Slotlân holden. Inkele jierren letter waard it terrein as greidlân brûkt. Dêrmei wie in foarsizzing útkomt dy 't by it begjin fan de bou fan it slot útsprutsen wêze soe: it slot soe nea wer ôfbrutsen wurde en in lân in greide (Molckweij) wurde.

Sjoeckelan

It terrein waard yn 1770 troch de stêd kocht en yn 1771 ferhierd oan Nicolaas Sjoeck, kastlein fan it Heareloazjemint op de hoeke fan de Foarstrjitte en de Sjaerdemastrjitte. Nei him waard it terrein Sjûkelân neamd, yn de Frjentsjerter folksmûle ferbastere ta ‘Sukerlaan’. Nicolaas Sjoeck wie berne yn it Switserske kanton Bern. Syn heit Aldrik teach nei Frjentsjer en waard dêr kastlein fan it Heareloazjemint. Nicolaas krige op 16 maaie 1763 it boargerrjocht fan Frjentsjer. Hy ferstoar ein 1793, begjin 1794. Syn widdo sette it loazjemint mei har soan koarte tiid fuort, mar yn 1796 ferkocht se it oan Johan Michael Bölger. Dit loazjemint De Bogt fen Guné, is it âldste kafee fan Nederlân, datearjend út 1641, dat earder fral oandien waard troch studinten fan 'e Universiteit fan Frjentsjer, mar dat him nei de sluting fan dat ynstitút yn 1811 ûntjûn hat ta it keatskafee by útstek.[4]

Yn 1786 lei de stêd fêst dat it terrein beskiber holden worde moast foar de jierlikse merke. De stedsskutterij brûkte it terrein foar eksersysjes. Yn 1785/86 waard yn de noardlike hoeke, oarspronklik de tún fan it Sjaerdemaslot, it stedseamhûs boud. Oan de súdkant dêrfan waard yn 1860 it gasfabryk boud.

It PC-keatsfjild

Foardat it Sjûkelân yn byld kaam as keatsfjild waard benammen keatst oan de eastkant fan Frjentsjer, dêr't no noch in strjitte de namme Ald Keatsfjild hat. Dêr waarden de earste PC-wedstriden spile. Yn 1855 moast de wedstryd in wike útsteld wurde, omdat it fjild troch it wiete waar min bespylber wurden wie. In jier letter wie it ‘in modderpoel gelyk’ sûnder sicht op ferbettering en doe waard útwykt nei it Sjûkelân, in greide sûnder keatshistoarje, mar wol in plak mei in ryk ferline.

It greidlân wie net echt sljucht en yn de rin fan de iuwen moast it ferskate kearen egalisearre wurde. Ek hjir hie men te krijen mei wetteroerlêst. Yn 1858 wie in útstel fan fjouwer dagen nedich. Yn 1936 barstte ûnder de wedstryd in dikke buoi mei heilstiennen los en nei de buoi bleau it wetter stean op it net drainearre fjild. Der waarden greppels groeven om it wetter nei de bolwurkkant fuortrinne te litten en dêrwei pompte de brânwar it wetter yn de grêft. Yn 1942 koe it wetter yn de dagen foarôf op tiid fan it fjild pompt wurde. Noch yn 1985 drige de wedstryd net trochgean te kinnen en allinnich mei in soad keunst en fleanwurk koe dat foarkomd wurde. Yn de hjerst fan dat jier waard it fjild troch de heidemij drainearre, op 'en nij egalisearre en wer ynsiedde.

As keatsfjild wie it Sjûkelân oan de krappe kant. It waard foar trijekwart omjûn troch it saneamde Stiensleatsje, allinnich oan de Foarstrjittekant rûn gjin sleat. It Stiensleatsje waard yn 1905 útdjippe en belangryk ferbrede ta in fiver foar de wetterfoarsjenning fan de tichtby lizzende Psychiatryske Ynrjochting. Noch datselde jier ferdronk der in fjouwer-en-healjierrich jonkje yn de fiver.[5] Yn novimber 1920 sakken twa jonkjes troch it iis fan de fiver en ientsje ferdronk. [6] Om 1920 hinne waard it Sjûkelân oan de eastkant mei acht oant tsien meter fergrutte en, mooglik mei fanwege de ûngefallen, waard de fiver om it fjild tichtsmiten.

Eveneminteterrein

Net allinnich foar de merke mar ek foar in soad oare eveneminten waard it Sjûkelân brûkt. Der waarden bygelyks yn it lêste kwart fan de 19e ieu iepenloftgearkomsten mei sprekkers holden (evangelisaasje, drankbestriding, politike partijen ensfh.), de Friesche Maatschappij van Landbouw organisearre der de tentoanstelling fan Fee en Fjildfruchten, Frjenstsjerter âld-studinten organiseeaaren der by harren reüny folksfermaaklikheden, it muzykkorps fan de skutterij joech der in iepenbiere muzykútfiering en de gymnastykferienings brûkten it terrein foar in mienskiplik feest mei dûnsjen nei. Op keninginnedei 31 augustus 1905 waard der ûnder grutte belangstelling in loftballon oplitten.[7]

Yn 1932 organisearre Frjentsjer de fiifdeiske Hannels- en Reklametentoanstelling Froonacker op it Sjûkelân. Yn in grutte, houten wettertichte tinte mei houten flier presintearren sa'n sechtich bedriuwen har.[8] Yn it ramt fan it 750-jierrich bestean fan Frjentsjer yn 1949 waard de hannelstentoanstelling Froonacker 2 holden.[9] Yn de jierren 1950 en 1960 waard der op de Agraryske Dagen meastal in lytsere saketentoanstelling holden en yn 1965 folge Froonacker 3. Ek sûnder saketentoanstellings waard it Sjûkelân mei de Agraryske Dagen altyd foar bepaalde eveneminten brûkt.

Oare keatspartijen

Ferskate Fryske keatsferienings organisearren ynternasjonale keatspartijen, wêrby 't Belgyske en Fryske partoeren beide spultypes tsjin elkoar spilen. By de earste demonstraasjes fan it Belgyske spul yn Frjentsjer yn 1888 blykte it Sjûkelân te lyts. It izeren stek oan de Foarstrjittekant moast sloopt wurde om de nedige lingte fan 85 meter te berikken.[10] Doe 't it KNKB sokke partijen organisearre hie men leafst in plein, meastal yn Ljouwert, omdat in stiennen ûndergrûn better by it Belgyske spultype paste. Tusken 1960 en 1980 waard yn Frjentsjer dêrom de Foarstjitte brûkt ynstee fan it Sjûkelân.

It KNKB organisearre sûnt 1897 op Pinkstermoandei de jierlikse Bûnswedstryd, dêr 't alle ôfdielings oan meidwaan koene. Oant 1922 organisearre alle jierren in oare ôfdieling de wedstriid, mar dêrnei waard hy alle jierren yn Frjentsjer holden. De grutte dielname makke it needsaaklik om foar de earste omlopen ek oare spylfjilden te brûken mar de lêste omlopen wiene wol altyd op it Sjûkelân.

Fan 1910 ôf waard de Jong Nederlân keatswedstryd holden, en dy waard ek elk jier troch in oare ôfdieling organisearre oant 1945, dêrnei wie Frjentsjer it fêste plak en nei inkele jierren wie Pinkstersnein de fêste dei.

Yn de jierren 1950 ûntstie op guon plakken it bedriuwskeatsen, ek yn Frjenstjer. Partoeren út it grut-, midden- en lytsbedriuw keatsten yn kompetysjeferbân. In bysûndere foarm fan bedriuwskeatsen wie de Plysje-PC, dy 't op de Agraryske Dagen op it Sjûkelân holden waard.

Thumb
De tuorren foar de Permanente Commissie, makke troch Rein Hofstra

21e iuw

Ek yn de 21e ieu wurdt der keatst op it Sjûkelân en wurdt fan it terrein gebrûk makke by eveneminten en ek yn de 21e iuw wie der wolris wetteroerlêst, lykas yn 2010. Yn 2011 waard it fild op 'en nij drainearre en ynsiedde. Yn 2014 wiene twa fan de fjouwer Rock ’n Roll poadiums op it Sjûkelân. It nasjonale wittenskipsfestival Expeditie Next yn 2022 brûkte it Sjûkelân foar in diel fan de mear as 100 wittenskipsaktiviteiten.[11] It terrein wie ek finishplak fan de Waadhoeke Fytstocht. De gemeente Waadhoeke is de eigener, de keatsvereniging Jan Bogstra de earste hierder.

Tuorren by it Sjûkelân

By gelegenheid fan it 150-jierrich bestean fan de PC yn 2003 skonk de PC-organisaasje de stêd twa 18,6 meter hege tuorren, dy’t oan de eastkant fan it terrein kamen te stean. Se binne ûntwurpen troch arsjitekt Rein Hofstra. Foar de PC-keatspartij wurdt de saneamde Skiltribune tusken de tuorren boud, dy ’t sa in gehiel foarmje mei de rest fan it tydlike stadion. Under yn de tuorren sitte glêzen doarren, dêrt t it publyk troch nei binnen kin.

Sjûkelân as betinkingsplak

Yn 2005 ferstoar keatsleginde Hotze Schuil. Syn kiste waard nei it Sjûkelân brocht dêr’t de PC-foarsitter him betocht temidden fan sa’n 1200 belangstellenden. Dêrnei stuts hy in gersseadde út it Sjûkelân en lei dy op syn kiste.
It útstruien fan jiske stiet de gemeente Waadhoeke allinnich ta yn tige bysûndere gefallen en allinnich at de ferstoarne bysûndere fertsjinsten binnen de keatssport hie. Yn 2021 is dizze regeling opnomd yn de APV.[12]

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.