From Wikipedia, the free encyclopedia
Fitus (om 290 – 303) is in hillige en martelder fan de Roomsk-katolike tsjerke en de Ortodokse tsjerke.
Fitus waard yn de 4e iuw n.Kr. op it eilân Sisylje berne. Hy wie in soan fan in heidenske senator. Doe't er sân jier wie (neffens oare boarnen tolve) bekearde er him ta it kristendom. Syn heit besocht it him op allerhanne manieren út de holle te praten en slimmer: Fitus waard sels tramtearre.
Dêrnei gie er nei Rome en makke dêr de kranksinnige soan fan Diokletianus better. Nettsjinsteande dat súkses waard er it slachtoffer fan de kristenferfolging fan Maksimianus en Diokletianus. Hy stoar de marteldea, mar hat it kristlik leauwe nea ferleagene.
Yn de katolike tradysje wurdt Fitus sjoen as ien fan de Fjirtjin hillige helpers, hilligen dy't oanroppen wurde om beskate sykten te genêzen; by Fitus fral by senuwoandwanings.
Fitus is de beskermhillige fan dûnsers, sjongers en epileptisy, en skutspatroan fan It Goai. Syn nammedei is 15 juny. Syn reliken wurde sûnt 836 yn it Dútske Corvey bewarre. Yn Ljouwert is de Aldehou oan him wije.
Hy joech syn namme ek oan de neurologyske sykte sint-fitusdûns.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vitus fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.