In bledside, side, bledkant of pagina (fan it Latynske pagina, "skreaune kolom") is ien kant fan in stik papier, perkamint, papyrus of in oar tin materiaal dat brûkt wurdt om op te skriuwen of om yllustraasjes op wer te jaan. De term wurdt ek rûnom brûkt as in mjitte fan kwantiteit op it mêd fan skreaun materiaal ("dat boek / haadstik / ûnderwerp beslacht safolle siden"). Alle moderne skreaune materiaal bestiet út bledsiden, lykas dokuminten, boeken, kranten, tydskriften, folders, brosjueres, ensfh. Wol kin it formaat fan 'e siden ferskille.
Ien stik papier hat twa siden: de foarside en de efterside of kearside. Yn útjouwerijtermen neamt men de side fan in stik papier dy't de lêzer it earst lêst, de recto-side, wylst de kearside de verso-side hjit. It is yn 'e Westerske wrâld wizânsje om in boek te begjinnen mei in recto-side, en sadwaande hawwe de recto-siden ornaris in ûneven bledsidenûmer, wylst de verso-siden allegear in even nûmer hawwe.
Yn talen dy't it Latynske, it Grykske of it Syrillyske alfabet brûke (lykas it Frysk), is de recto-side de bledside oan 'e rjochterkant en de verso-side dy oan 'e lofterkant. Yn talen dy't it Hebriuwske of it Arabysk-Perzyske skrift brûke, is de recto-side lykwols de bledside oan 'e lofterkant en de verso-side dy oan 'e rjochterkant. Dat ferskil wurdt feroarsake troch dat men yn it Hebriuwske en Arabysk-Perzyske skrift fan lofts nei rjochts skriuwt en dus nei Westerske begripen 'efteroan' yn it boek begjint.
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.