From Wikipedia, the free encyclopedia
Siccamastate stie yn Stynsgea, gemeente Achtkarspelen. De state wurdt foar it earst ein 15e iuw neamd.
De earst bekende bewenner fan Siccama wie Harco Siccama yn 1482. Hy kaam fan it Siccamahûs yn Niehove yn Grinslân, dêr't er wierskynlik ek berne waard.
In it Register van de Aanbreng fan 1511 wurdt in Atte Siccama neamd; faaks in soan fan Harco. Dêrnei is oant om 1545 hinne syn soan Rytschke Attes Sickema (om *1480), eigener fan de state. Ritske wie heareboer, lânbesitter yn Surhuzum yn 1511 en yn 1543 tsjerkefâd dêre.
Dy syn soan Wyt Ritskes Sijckema, berne om 1520 yn Stynsgea, erfde de state om 1545 hinne. Hy wie heareboer en besiet al yn 1543 fean te Ophuis ûnder Surhuzum. Hy stoar yn 1576 yn Surhuzum.
Eelthye Wyts Syckema, berne yn 1550/1560 yn Surhústerfean urf de state fan syn heit. Hy stoar foar 29 novimber 1621 yn Doezum. Hy wie lâneigner yn Surhuzum fan 1598 oant 1621, hear fan de Siccamastate te Stynsgea, assessor, kommissaris, rjochter en folmacht.
It liket derop dat de state dêrnei yn de froulike line fan de Siccamas fererft. At Jacobus Stellingwerf it hûs yn 1722 tekenet, is Eelke fan Haersma de eigner.
Yn 1785 bestie de state noch; de "Tegenwoordige Staat van Friesland" fernijt dat jier: "op welke laatste plaats verscheiden Grietslieden uit het geslacht van Haersma hebben gewoond".
Siccamastate waard yn de fyftiger jierren fan de 19e iuw sloopt.
Fan it hûs is neat oerbleaun.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.