From Wikipedia, the free encyclopedia
Senlis is in plak en gemeente yn it noarden fan Frankryk. Foar it lân hat Senlis in wichtige keunst- en kultuerhistoaryske bydrage levere.
Senlis | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Frankryk |
regio | Opper-Frankryk |
departemint | Oise |
Sifers | |
Ynwennertal | 14.760 (2019) |
Oerflak | 24,05 km² |
Befolkingstichtens | 614 km² |
Stêdekloft | 15.187 (2019) |
Hichte | 47-140 m meter boppe seenivo |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Koördinaten | 49° 12' N 2° 35' E |
Webside | www.ville-senlis.fr |
Senlis leit oan de rivier de Nonette, likernôch 50 kilometer noardlik fan Parys. De haadstêd fan it departemint, Beauvais, leit ek sa'n 50 kilometer fan Senlis en 33 kilometer noardlik fan de stêd leit in oare wichtige stêd fan it departemint, Compiègne. Foar de weryndielings fan 2016 lei Senlis yn de histoaryske kultuerregio Pikardje.
Yn de Romeinske tiid wie Senlis ûnder de namme Augustomagus de haadstêd fan de Civitas Silvanectum, ien fan de bestjoersdistrikten fan de provinsje Belgica Secunda. Silvanectes is de Latynske namme fan in Keltyske stamme út dy omkriten. Dy namme feroare yn de rin fan de tiid lang om let ta it hjoeddeiske Senlis.
Sûnt de kroaning fan Hugo Capet wie Senlis foar in skoft de keninklike residinsjestêd fan Frankryk. De stêd makke yn de 12e en 13e iuw syn grutste bloei mei.
Yn de Earste Wrâldkriich waard Senlis op 2 september 1914 troch de Dútsers beset. Om't de Dútsers by it yngean fan de stêd besketten waarden, fusilearren de Dútsers doe seis minsken wêrûnder de boargemaster. Dêrnjonken waarden likernôch 110 hûzen oan de Rue de République en de Rue Bellon en it Palais de Justice yn 'e brân stutsen. It foarfal feroarsake in soad dalje en waard fakentiden brûkt yn 'e propaganda tsjin Dútslân. Op 10 septimber fan itselde jier waard de stêd troch de Frânsen werom ferovere.
Jier | 1962 | 1968 | 1975 | 1982 | 1990 | 1999 | 2008 | 2019 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 9.371 | 11.169 | 13.639 | 14.514 | 14.439 | 16.327 | 16.285 | 15.187 |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Senlis fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.