Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Seksuele yntimidaasje of in net-winske yntimiteit is yntimidaasje yn 'e foarm fan seksueel grinskrusend gedrach dat yn in stikmannich situaasjes barre kin troch in persoan oan in oar persoan dy't it as net-winske of yntimidearjend ûnderfynt. It kin yn in foarm fan mûnling, net-mûnling of lichaamlik gedrach op seksueel mêd ta doel it slachtoffer yn syn of har wearde oan te taasten, benammen wannear't der in driigjende, fijannige, misledigjende, krinkende en sear dwaande situaasje skepen wurdt.
Seksuele yntimidaasje kin barre tusken persoanen dy't inoar kinne, bygelyks op it wurk of op in ûnderrjochtsynstitút, mar ek tusken minsken dy't inoar net kenne, sa as bygelyks op strjitte, yn winkels of yn it iepenbier ferfier. Boppedat komt it ek op it ynternet foar.
Seksuele yntimidaasje kin troch manlju, mar ek troch froulju, dien wurde. Ut in ûndersyk yn 2015 bliek dat yn Nederlân de dieder almeast in man wie en it slachtoffer almeast in frommes. Der kinne ferskate oarsaken wêze wêrom't in persoan tinkt dat sok gedrach tastien is. Foarbylden binne: de persoan hat der gjin besleur fan dat itjinge er docht yntimidearjend ûnderfûn wurdt troch it slachtoffer; de persoan komt fan in kultuer dêr't soksoarte gedrach tastien wurdt; dyjinge dy't himsels seksueel oanlutsen fielt ta it slachtoffer en tinkt dat de yntimidaasje in foarm fan flirten is. Ek komt it foar dat immen tinkt dat er troch syn status, posysje of rykdom litte en dwaan kin wat er mar wol.
De gefolgen foar de slachtoffers fan seksuele yntimidaasje kinne psychysk of lichaamlik wêze. Slachtoffers kinne oantaaste wurde yn harren wearde en wolwêzen, mar ek lilkens, eangst, mistrouwen, krinking en skamte fiele. Lichaamlike gefolgen binne gauris stress, sliepeleazens en konsintraasjefersteuring. Op it wurk kin soks ta burn-outklachten en siikmeldings liede.
Seksuele yntimidaasje kin op it wurk foarkomme. Foarbylden fan sok gedrach kin wêze: it oanreitsjen, it meitsjen fan seksuele opmerkings, of it stellen fan yntime fragen. Jonge meiwurkers dy't troch in foaroanman lestich fallen wurde, kinne of doare der gauris mei nimmen oer te praten. Hja hawwe noed oer it ferliezen fan harren baan as se in klacht tsjin harren baas yntsjinje soene.
De kâns op seksuele yntimidaasje is grutter yn in organisaasje mei in sterke hierargy of dêr't in machokultuer hearsket. Mar ek in losse omgongskultuer kin net sûn wêze op dat punt, dêr't der in ûndúdlike grins tusken winske en net-winske gedrach is.
Seksuele yntimidaasje en peste komme yn guon gefallen oerien om't it om gedrach giet dêr't it ien persoan it as net-winske ûnderfynt. Seksuele yntimidaasje kin ek as in foarm fan pesten sjoen wurde. In soad bedriuwen brûke in protokol tsjin pesten en seksuele yntimidaasje, en yn in soad lannen wurde beide op deselde manier juridysk oanpakt. Ien grut ferskil is dat by seksuele yntimidaasje al by ien foarfal al fan seksuele yntimidaasje te sprekken is, wylst by pesten der fan weromkommende foarfallen te sprekken wêze moat. By seksuele yntimidaasje is it lykwols dreech te bewizen om't it almeast plakfynt yn de oanwêzigens fan de dieder en it slachoffer.
De wetjouwing op it mêd fan seksuele yntimidaasje op it wurk en de mjitte fan bestraffen ferskilt it lân. Yn de gânse Jeropeeske Uny is seksuele yntimidaasje op it wurk ferbean. Wurkjouwers moatte maatregels nimme om sok gedrach tefoaren te kommen en tsjin te gean. Dat is fêstlein yn de Jeropeeske rjochtline út 2002 oangeande it tapassen fan it begjinsel fan likese kânsen en likese behanneling fan manlju en froulju yn arbeid en berop. Alle lidsteaten moasten dy rjochtline mei yngong fan 2008 omsette yn de nasjonale wetjouwing.
Yn Nederlân is it ferbod op seksuele yntimidaasje sûnt 1994 part fan de Arbeidsomstannichhedewet. Sûnt 2006 is it ûnderbrocht by de diskriminaasjewetjouwing, yn artikel 7:646 fan it Boargerlik Wetboek. Dêrtroch wurdt de bewiislêst yn guon gefallen omkeard. Wurklju kinne gauris by in betrouwenspersoan terjochte as der wat foarfalt.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.