From Wikipedia, the free encyclopedia
De oblast Samara (Russysk: Самарская область, Samarskaja oblast) is in oblast yn de Russyske Federaasje. Haadstêd is de stêd mei deselde namme.
Samara oblast
Самарская область | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Oblast |
lân | Ruslân |
federaal distrikt | Wolga |
ekonomyske regio | Povolzje |
haadplak | Samara |
grutste plak | Samara |
taal | Russysk |
Etnyske groepen | Russen 85,6% Kazachen 4,1%, Tsjûvasjen 2,7% (Stân 2010) |
sifers | |
ynwennertal | 3.131.720 (2022) |
oerflak | 53.565 km² |
befolkingstichtens | 58,47 ynw./km² |
oar | |
stifting | 5 desimber 1936 |
tiidsône | UTC+3; MSK |
koördinaten | 53° 27' N 50° 27' E |
webside | www.adm.samara.ru |
De skiednis fan it gebiet sette yn 1586 mei stifting fan de fêsting Samara útein, dy't al gau in bloeiende hannelsstêd waard. Sûnt 1708 hearde it gebiet by it nije gûvernemint Kazan, mar yn 1717 waard it by it gûvernemint Astrachan foege. Yn 1851 waard it gebiet it selsstannige gûvernemint Samara, dat yn 1918 in diel ôfstean moast foar de stifting fan de Wolga-Dútske Republyk. Yn 1936 feroare it gûvernemint Samara yn de oblast Kûjbysjev, dy't yn 1990 de namme 'oblast Samara' krige.
De oblast leit yn it easten fan it Russyske Leechlân oan de rin fan de Wolga. Yn it noarden grinzget de oblast oan de autonome republyk Tatarije, yn it easten oan de oblast Orenburg, yn it suden oan de lânsgrins mei Kazachstan en de oblast Saratov en yn it westen oan de oblast Uljanovsk. Goed 12% fan de oblast bestiet út bosk.
De yndustry is goed ên lykwichtich ûntwikkele. It foarkommen fan ierdoalje hat in soad bydroegen oan de rykdom fan de regio. Wichtige sektoaren binne de oaljeraffinaderij, de gemyske yndustry en de fleantúchbou. Yn de oblast wurkje tsientûzenen minsken yn de automobylfabriken; 80% fan alle it Russyske motorreau wurde dêr produsearre.
De opslachmar fan Kûjbysjev soarget foar de produksje fan enerzy.
De oblast bestiet út 27 rajon's en 10 stedsdistrikten. Haadstêd is Samara mei mear as in miljoen ynwenners. Fierders binne der noch twa stêden mei mear as 100.000 ynwenners: Toljatti en Syzran. Meiïnoar binne der 11 stêden en 14 plakken mei in stedsk karakter.
Grutste stêden | Russysk | Ynwenners | Wapen | Lokaasje |
---|---|---|---|---|
Samara | Самара | 1.136.709 (2022) | 53° 11' N 50° 07' E | |
Toljatti | Тольятти | 685.619 (2022) | 53° 31' N 49° 25' E | |
Syzran | Сызрань | 162.886 (2022) | 53° 10' N 48° 28' E | |
Novokûjbysjevsk | Новокуйбышевск | 98.373 (2022) | 53° 06' N 49° 55' E | |
Tsjapajevsk | Чапаевск | 70.096 (2022) | 52° 59' N 49° 43' E | |
Zjigûljovsk | Жигулёвск | 49.921 (2022) | 53° 24' N 49° 30' E |
Jier | 1926 | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 2002 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Befolking | 1.454.000 | 1.644.000 | 2.256.000 | 2.751.000 | 3.093.000 | 3.266.000 | 3.239.700 | 3.131.720 |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.