Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Súdsineeske See is in rânesee fan de Grutte Oseaan. De see beslacht in gebiet mei in grutte fan om-ende-by 3.500.000 km² tusken de Strjitte Karimata en de Strjitte fan Taiwan. De Strjitte Malakka ferbynt de see mei de Yndyske Oseaan. De Golf fan Tailân en de Golf fan Tonkin meitsje der diel fan út.
Súdsineeske See | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | s. fan Sina, e. fan it fêstelân fan Súdeast-Aazje, w. fan 'e Filipinen, nw. fan Borneo | |
lân | Brûnei Filipinen Fjetnam Yndoneezje Kambodja Maleizje Sina Singapoer Tailân Taiwan | |
koördinaten | 12° N, 113° E | |
ûnderdiel fan | Stille Oseaan | |
sifers | ||
maks. lingte | 2.750 km | |
maks. breedte | 2.375 km | |
oerflak | 3.500.000 km² | |
djiptegemiddelde | 1.212 m | |
djipste punt | 5.016 m | |
Reliëfkaart fan de Súdsineeske See. |
Der lizze inkele hûnderten eilannen yn dizze see, dêr't Hainan fierwei it grutste fan is.
Yn westerske talen ferwiist de namme fan de see nei Sina, mar yn Fjetnam hjit de see "Eastsee" (Bien Dong). Der binne lannen, wêrûnder de Filipinen, dy't it tige beswierlik fine dat de namme Súdsineeske See brûkt wurdt, omdat dat betsjutte soe dat de Sinezen soevereiniteit oer de see hawwe.
Lannen dy't oan dizze see grinzgje binne: Sina, Taiwan, de Filipinen, Maleizje, Brûnei, Yndoneezje, Singapore, Tailân, Kambodja en Fjetnam.
De see is geopolityk fan grut belang omdat troch de see de op ien nei drokst befearne seerûte yn de wrâld leit. Alle dagen wurde mei skippen goed 1,6 m³ (10 miljoen fetten) rûge oalje troch de Strjitte Malakka transportearre.
Noch net sa lang lyn binne ierdoaljereserves, fan likernôch 1,2 km³ (7,7 miljard fetten), fûn. De ierdgasreserves wurde skatten op 7500 km³.
Yn de perioade fan jannewaris oant april is sprake fan min waar yn de Súdsineeske See, dat ferskynsel wurdt de Crachin neamd.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.