In romtefarder is immen dy't nei de romte reizge is. Foar ús wrâld betsjut dat dat er yn in romteskip reizge hat. Romtefarders yn ferhalen komme ek wol mei oare middels yn de romte.
Troch de konkurrinsje tusken de romteprogrammen fan ferskate lannen binne der aparte wurden foar romtefarders út ferskate lannen:
Lodewijk van den Berg - Earste minsk fan Nederlânsk komôf yn de romte. Nasjonalisearre ta Amerikaan reizge er fan 29 april oant 6 maaie1985 mei de Space Shuttle Challenger. It is mûglik dat er ek syn Nederlânske nasjonaliteit noch hie.
Wubbo Ockels - Earste minsk mei allinnich Nederlânske nasjonaliteit yn de romte. Fan 31 oktober oant en mei 6 novimber1985 reizge er mei de Space Shuttle Challenger.
Dennis Tito - Earste priveeromtefarder. Reizge fan 28 april oant en mei 6 maaie2002 mei in Russyske Sojûz nei it Ynternasjonale romtestasjon en wer werom, dêr't er tweintich miljoen dollar foar betelle.
Mike Melvill - Earste partikuliere romtefarder. Op 21 juny2004 berikke er de romte mei in op en del flecht yn it partikulier-boude romteskip SpaceShipOne.