Remove ads

De Romeinske keizers wienen de hearskers fan it Romeinske Ryk fan 27 f.Kr. oant, yn it westen, likernôch 476. Formeel wie harren funksje dy fan prinseps, mar dêrmei kombinearre wienen ferskate oare funksjes dy't harren byelkoar de macht fan in keizer joegen. Der wie lykwols ien ferskil mei dy funksje: Om't it erflike, keningsskip fan Rome ta grutte swierrichheden laat hie, wie dizze nije foarm fan de prinseps-funksje net erflik.

Thumb
Augustus jildt as earste Romeinske Keizer.

It prinsipaat

Begjin fan it Keizerryk

Julius Caesar hie foar syn dea de macht oer it Romeinske Ryk yn syn persoan ferienige. Dêrta wie er lykwols ta diktator beneamd, wat it normale funksjonearjen fan de republyk stopsette. Hjirút kaam in protte wjerstân fuort, wat úteinlik late ta syn dea. Syn adoptyf soan, Augustus Oktavianus joech yn 27 f.Kr. in nije ynfolling oan it prinsipaat, wêrtroch't er deselde macht yn ien persoan ferienigje koe sûnder de organen fan de republyk alle macht ôf te nimmen. Hy waard

  • Prinseps - earste fan de senaat
  • Augustus - ferheven bestjoerder
  • Tribún - korrektor fan it regear, hoewol't er net dy titel hie, om't er dy formeel net hawwe koe
  • Imperium maius - oerbefelhawwer
  • Pontifeks maksimus - oerpreester

Augustus sels lei klam op syn funksje fan prinseps en op it doel it ryk byelkoar te hâlden. Troch syn opfolger en adoptyf soan Tibearius waard de kombinaasje fan machten lykwols ta in fêste funksje makke, ûnôfhinklik fan de omstannichheden.

Under de opfolgers begûn it keizerryk stadichoan hieltyd mear op in monargy te lykjen, al bleau yn teory de keizer in amtner fan de Res Publica (republyk; letterlik: "saak fan de steat", steatssaken). De keizer koe nammentlik de titel fan kening (rex) net drage, omdat sûnt iuwen in taboe op dizze funksje rêste, troch de ûntspoaring dy't plak fûn hie ûnder de lêste kening Tarquinius Superbus. It ûntbrekken fan in dynastike tradysje wie in swakke skeakel yn it systeem, omdat de opfolging net offisjeel regele wie. Yn it begjin soarge de sittende keizer troch adopsje foar in folwoeksen - en hooplik - betûft opfolger. Letter gong de opfolging faak troch moard op de keizer en it útroppen fan in nije troch it leger. Earst yn de 4e iuw waard it keizerskip erflik mei bern op de troan wylst it regear waarnomd waard troch in regint.

Ein fan it West-Romeinske Diel

Yn de tiid fan Romulus Augustulus wie fan it westlik diel fan it keizerryk allinnich noch Itaalje, in stik fan Joegoslaavje en in lyts stikje fan Galje oer. Dizze keizer hat net langer as 10 moannen regearre, wierskynlik oant 4 septimber 476. Op dy datum, of mooglik koart dêrnei, waard hy oan de kant set troch Odoaker, lieder fan de opstannige Germaanske troepen, dy't himsels kening fan de Germanen yn Itaalje neamde, ûnder it (teoretyske) keizerskip fan it easten. Sadwaande wurdt it jier 476 yn it generaal beskôge as de ein fan it West-Romeinske keizerskip. It teoretyske net opdielde keizerskip fan de east-Romeinske keizers oer it hiele Romeinske ryk bleau yn stân oant Karel de Grutte troch Konstantinopel, lykwols mei tsjinsin, erkend waard as nije 'Keizer fan het Westen'. Dat 'wernijde West-Romeinske Ryk' gie de skiednis yn as it 'Hillige Roomske Ryk'.

Remove ads

List mei Keizers fan Rome

Dizze list is opdield neffens dynastyen en wichtige kearpunten.

Julysk-Klaudyske dynasty

Fjouwerkeizerjier

Flavyske dynasty

Adoptyfkeizers & Antonynske dynasty

Boargeroarloch fan 193-197

Sevearyske dynasty

Romeinske krisis fan de 3e iuw

Separatistyske riken

  • Keninkryk fan Palmyra
    • Fabalatus (soan fan Senobia) 267-272
  • Britsk-Romeinske Keizerryk
    • Karausius 286/7-293
    • Allektus 293-296

Werstel fan de Romeinske krisis fan 'e 3e iuw

De Tetrargy

Dynasty fan Konstantyn

Ein fan 'e Konstantinyske dynasty

Dynasty fan Falentinianus

Dynasty fan Teodosius

Keizers fan 't West-Romeinske Ryk

Dynasty fan Teodosius

Ein fan Teodosius-dynasty

- Interregnum fan 18 moannen -

Remove ads

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.

Remove ads